Fluch oan:

Guod registrearje yn it DOR

Keapje jo brûkt guod om dat wer te ferkeapjen? Dan moatte jo jo ynkeapen registrearje yn it Digitaal Opkeapers Register (DOR). It DOR is keppele oan de plysjedatabase mei stellen guod. Sa kin de plysje kontrolearje oft it stellen is. Mei in goede administraasje helpe jo heling tsjin te gean.

Oanmelden DOL

Sûnt 1 jannewaris 2025 moatte hannelers har by de gemeente oanmelde fia it Digitaal Opkeapers Loket (DOL). Troch dy oanmelding wurde wurksumheden offisjeel registrearre en wurde gegevens goed fêstlein.

Oanmeitsjen DOL account

  • gean nei de webside Digitaal Opkeapers Loket (iepenet yn in nij ljepblêd);
  • log yn mei jo DOR account;
  • hawwe jo gjin DOR account? Meitsje in nij account oan yn it DOL (der wurdt dan automatysk in DOR account oanmakke);
  • folgje de stappen om jo registraasje ôf te rûnjen.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer it DOR fine jo op de webside fan it Centrum voor Criminaliteitspreventie en Veiligheid (iepenet yn in nij ljepblêd). Op dizze webside fine jo ek mear ynformaasje oer it DOL (iepenet yn in nij ljepblêd).

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn in nij ljepblêd).

  • Algemiene Pleatslike Feroardering (APV) Ljouwert

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.