Fluch oan:

Check it omjouwingsplan

Hawwe jo foar jo bouplan gjin omjouwingsfergunning nedich? Dan moat jo plan noch wol yn it omjouwingsplan passe.

Past jo bouplan yn it omjouwingsplan? Dan meie jo yn guon gefallen sûnder fergunning bouwe.

Past jo bouplan net yn it omjouwingsplan? Dan hawwe jo lykwols in fergunning nedich.

Mear ynformaasje fine jo op de pagina It Omjouwingsplan.

Wat bart der nei jo oanfraach?

Jo krije in automatyske ûntfangstbefêstiging fan it Omjouwingsloket. De gemeente Ljouwert stjoert dêrnei noch in befêstiging fia de post. Sa binne jo der wis fan dat jo oanfraach by ús binnenkommen is.
Dêrnei krije jo in brief dêr’t yn útlein wurdt hokker proseduere foar jo jildt:

  • Reguliere proseduere.
    Dizze proseduere duorret maksimaal 8 wiken. Dizze perioade kin ien kear ferlinge wurde mei 6 wiken, as de beoardieling fan jo oanfraach net binnen dy 8 wiken dien wurde kin.
  • Wiidweidige proseduere.
    De proseduere duorret maksimaal 6 moannen. Foardat de definive fergunning opmakke wurdt, wurdt der earst in ûntwerpfergunning opsteld. Dy leit op besjen. Dat betsjut dat elkenien de fergunning ynsjen kin. Wol immen reagearje? Dan moat dy persoan in sjenswize yntsjinje. In sjenswize yntsjinje is ferplicht as dy persoan letter noch yn berop gean wol.

Hokker gegevens moatte jo by de oanfraach meistjoere?

It is wichtich dat jo de oanfraach foar de omjouwingsfergunning folslein opstjoere. Dan kinne wy jo oanfraach fuoartdaliks beoardielje.

Stjoer by in besteande en by in nije situaasje it folgjende mei:

  • situaasjetekening
  • plattegrûntekening
  • oansichttekening
  • trochsneedtekening detailtekening
  • kleur en materialen

Soargje derfoar dat op de tekeningen altyd de ôfmjittingen steane.

De oanfraach moat foldwaan oan de easken fan it Boubeslút 2012. Dizze easken geane bygelyks oer brânfeiligens, isolaasjewearden en fentilaasje.

Wolstân

As jo in omjouwingsfergunning oanfreegje om’t jo wat bouwe wolle, freegje wy in wolstânsadvys oan de Advyskommisje Romtlike Kwaliteit Hûs en Hiem (advyskommisje). Dit advys heart by de fergunningsproseduere. Jo plan moat altyd foldwaan oan de regels yn it Omjouwingsplan en it Beslút bouwurken leefomjouwing.

Wolstânsnota

De wolstânseasken fan de gemeente Ljouwert steane yn de Wolstânsnota gemeente Ljouwert 2022. De advyskommisje hâldt him oan de regels út dit dokumint by it beoardieljen fan de oanfraach. Nei de beoardieling jout de advyskommisje de gemeente advys. As in plan net foldocht oan de ridlike easken fan wolstân, jout de gemeente gjin omjouwingsfergunning ôf.

Konseptfersyk

Foardat jo in omjouwingsfergunning oanfreegje, kinne wy nei in konseptfersyk sjen. Wy beoardielje dan oft jo plan yn it omjouwigsplan past en oft it foldocht oan de wolstânsrjochtlinen. Dizze beoardieling moatte jo betelje. Jo krije dizze kosten werom as jo, nei ús beoardieling fan it konseptfersyk, in omjouwingsfergunning oanfreegje. De kosten dy’t jo meitsje foar it wolstânsadvys fan de advyskommisje krije jo net werom.

Jo stjoere in konseptfersyk nei de gemeente Ljouwert fia Iit Omjouwingsloket.

Gearkomsten advyskommisje

De advyskommisje komt elke wike op tiisdei fan 09:00 oere ôf byinoar yn it Gemeentehûs. Jo meie by dy gearkomsten wêze. Jo, as oanfreger, of de persoan dy’t jo plan ûntwurpen hat, mei it plan útlizze. Meitsje hjirfoar in ôfspraak.

De aginda en bouplannen kinne jo foar’t de gearkomst begjint ynsjen op it Gemeentehûs.

Hâld rekken mei beskerme bisten en planten

By ferbouwingen en by nijbou op braaklizzend terrein, moatte jo rekken hâlde mei de regels foar beskerming fan natuer yn de Omjouwingswet. It is ferbean dat jo plan negative gefolgen hat foar beskerme soarten. Dat jildt faak ek foar de ferbliuwplakken fan beskerme bisten.

Foarbylden fan beskerme bistesoarten

De húsmosk, meardere flearmûssoarten en de gûlswel. De ferbliuwplakken en nêsten fan dizze soarten binne it hiele jier troch beskerme. Dizze bisten kinne ûnder oare yn jo spoumuorre, jo dak of jo tún sitte.

Hat jo plan gefolgen foar beskerme bisten?

Om dêrefter te kommen, litte jo in koart ûndersyk dwaan troch in ekologysk advysburo. Dat hjit in ‘quickscan’. Dizze scan makket dúdlik oft jo plannen gefolgen hawwe foar beskerme bistesoarten.

Fergunningen Floara- en fauna-aktiviteit oanfreegje

Blykt út de quickscan dat jo plan negative gefolgen hat foar beskerme soarten? Freegje dan in omjouwingsfergunning foar in floara- of fauna-aktiviteit oan by de Provinsje Fryslân.

Mear dwaan foar beskerme soarten

Wolle jo by jo bouprojekt de natuer helpe? Mear ynformaasje fine jo op de website Bouw Natuur Inclusief en op de website Checklist Groen Bouwen.

Kosten

Der binne kosten ferbûn oan it yntsjinjen fan in fergunningsoanfraach. Dy kosten stean yn de Tarivetabel Algemiene Leezjesferoardering.