Fluch oan:

Archeologyske wearde

Foar graafwurksumheden yn gebieten fan archeologyske wearde moatte jo in omjouwingsfergunning oanfreegje of in melding boaiemfersteuring dwaan. Sa wolle wy archeologyske fynsten en lânskiplike en kultuer-hystoaryske wearden beskermje. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Archeologyske wearden.

Wurksumheden yn kultuerhistoarysk lânskip

It is net samar tastien om te graven yn kultuerhistoarysk lânskiplike erfgoedgebieten. Jo meie bygelyks gjin sleat dimpe of grave of in dyk of paad feroarje. Soms wurdt der in útsûndering makke. Mear ynformaasje fine jop de pagina Kultuerhistoarysk lânskip.

Grûn ôfgrave en ferpleatse

Wolle jo grûn, boustoffen en/of de baggerspeesje ôfgrave, ferpleatse, tapasse of tydlik opslaan binnen de gemeente? Kontrolearje earst hokker regels der jilde. Mear ynformaasje fine jo ûnder it kopke Wet- en regeljouwing. Meld jo wurksumheden minimaal 1 wike yn it foar fia DSO (iepenet yn in nij ljepblêd).

Graafwurksumheden

  • Graafwurksumheden fan mear as 25 m3 moatte jo melde fia it Omjouwingsloket (iepenet yn in nij ljepblêd).
  • Sille jo minder as 25 m3 grûn ôfgrave en is dizze slim fersmoarge? Dan is de Breidsskatregel (iepenet yn in nij ljepblêd) fan tapassing. Foarôf oan de graafwurksumheden moatte jo ús fia it lanlik loket (DSO) ynformearje (ynformaasjeplicht 1 wike foarôfgeand oan start aktiviteit). Nim by twivel kontakt mei ús op. Dit hoecht net by tydlik útnimmen of spoedreparaasjes oan kabels en liedingen.

Wannear gjin melding yntsjinje?

  • It tapassen fan maksimaal 25m3 grûn of de baggerspesy as partikulier (troch natuerlike persoan).
  • As op itselde perseel de grûn of de baggerspesy brûkt wurdt fan itselde lânboubedriuw
  • Brûken fan maksimaal 50 m3 grûn of baggerspesy dy’t foldocht oan ’e achtergrûnwearde (betreft skjinne grûn, mei meardere funksjes tapasber, miljeuferklearring boaiemkwaliteit moat oanwêzich wêze).

Boaiemynformaasje

By it oanfreegje fan in omjouwingsfergunning, grûnoankeap of -ferkeap en plande grûnwurksumheden kin in boaiemûndersyk nedich wêze nei asbest of oare fersmoarging yn de grûn. Hjirby spylje de sûnensrisiko’s ûnder graafwurksumheden of gebrûk (funksje) fan in perseel in wichtige rol. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Boaiemynformaasje.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (nasjonaal) (iepenet yn nij tabblêd):

  • Omjouwingswet
  • Wet miljeubehear
  • Beslút Boaiemkwaliteit

De folgjende regeljouwing fine jo op ’e website fan Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn nij tabblêd):

  • Wet boaiembeskerming
  • Boaiembehearnota Ljouwert

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje fine jo op de side Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde.

Om de fergunning oan te freegjen yn it Omjouwingsloket (iepenet yn in nij ljepblêd) brûke jo it formulier: Wurk, net wêzen bouwuruk, of wurksumheid útfieren – Oanfraach fergunning (Gemeente).

Hoefolle grûn jo ôfgrave en wat de kwaliteit fan de boaiem is, bepaalt of jo neist dizze fergunning noch in ekstra fergunning nedich hawwe. Op de website fan it Ynformaasjepunt Leefomjouwing (iepenet yn in nij ljepblêd) fine jo mear ynformaasje.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.