Fluch oan:

Untheffing oanfreegje út namme fan in stifting, feriening of immen oars?

Log yn mei jo eigen DigiD of mei e-Herkenning. Yn it formulier kinne jo kieze út namme fan wa’t jo in oanfraach dogge.

Kinne of wolle jo net digitaal in ûntheffing oanfreegje?

Download it formulier Oanfraach ûntheffing lûdshinder en folje it yn. Stjoer it formulier nei vergunningen@leeuwarden.nl of leverje it yn by it gemeentehûs. Heakje dit formulier net ta as bylage yn it Omjouwingsloket.

Wannear freegje jo in ûntheffing lûdshinder oan?

Lûd binnen bedriuwen

Bygelyks foar in jubileum of bedriuwsfeest. Freegje in ûntheffing oan as jo foar 1 kear mear lûd meitsje wolle as wat neffens de lûdsnoarmen mei.

Lûd by wurksumheden (bou, ûnderhâld of sloop)

Sille jo gelûd meitsje by bou-, sloop- of ûnderhâldswurksumheden? Dan jilde de folgjende regels:

  • Jo meie allinnich gelûd meitsje fan moandei oant en mei sneon tusken 07:00 en 19:00 oere.
  • Jo meie net mear gelûd meitsje as yn de tabel stiet:
Deiwearde ≤60 dB(A) >60 dB(A) >65 dB(A) >70 dB(A) >75 dB(A) >80 dB(A)
maksimale tiid fan bleatstellen op de gevel fan in wenfunksje, byienkomstfunksje foar berneopfang, sûnenssoarchfunksje of ûnderwiisfunksje, of op de grins fan in gelûdsgefoelich terrein ûnbeheind 50 dagen 30 dagen 15 dagen 5 dagen 0 dagen

Wolle jo (foar langere tiid) gelûd meitsje? Of op in oare momint as tastien is? Dan kinne jo in maatwurkfoarskrift oanfreegje. Jo moatte bewize kinne dat it needsaaklik is om krekt op dy mominten de wurksumheden út te fieren of om mear gelûd te meitsjen.

Jo kinne in maatwurkfoarskrift oanfreegje fia it Omjouwingsloket. Sykje op ‘maatwurkfoarskrift’ en selektearje it oanfraachformulier ‘Maatwurkfoarskrift oanfreegje by de gemeente, de ryksoerheid of de provinsje – Oanfraach maatwurkfoarskrift (Ryk)’.

Muzyk op terrassen by in hoarekabedriuw

Freegje in ûntheffing oan. Jo moatte jo hâlde oan de lûdsnoarmen. Om jo oanfraach te ûnderbouwen moatte jo in akoestysk ûndersyk dwaan litte. Sûnder in akoestysk rapport is gjin ûntheffing mooglik. Foar Keningsdei (27 april) en Befrijingsdei (5 maaie) hawwe jo wol in ûntheffing nedich, mar hoege jo gjin akoestysk ûndersyk dwaan te litten.

Lûdsnoarmen

Lûdsnoarmen ûnder normale bedriuwsfiering

Lûdsnoarmen Aktiviteitebeslút Tusken 07:00 en 19:00 oere Tusken 19:00 en 23:00 oere Tusken 23:00 en 07:00 oere
Lar, LT op de gevel fan gefoelige gebouwen 50 dB(A) 45 dB(A) 40 dB(A)
Lar, LT yn yn- en oanpânige gebouwen 35 dB(A) 30 dB(A) 25 dB(A)

It lûdsnivo wurdt mjitten en beoardiele neffens de ‘Hantlieding mjitten en rekkenjen yndustrylawaai 1999’ op de gevel fan lûdsgefoelige gebouwen.

Lûdsnoarmen by in festiviteit mei lûdsûntheffing

Lûdsnoarmen Aktiviteitebeslút Tusken 07:00 en 19:00 oere Tusken 19:00 en 23:00 oere Tusken 23:00 en 07:00 oere
Lar, LT op de gevel fan gefoelige gebouwen 60 dB(A) 55 dB(A) 50 dB(A)
Lar, LT yn yn- en oanpânige gebouwen 45 dB(A) 40 dB(A) 35 dB(A)

It lûdsnivo wurdt mjitten en beoardiele neffens de ‘Hantlieding mjitten en rekkenjen yndustrylawaai 1999’ op de gevel fan lûdsgefoelige gebouwen.

Lûd by eveneminten yn de iepenbiere romte

Wolle jo lûdsapparatuer brûke? Freegje in ûntheffing oan. Mear ynformaasje en it oanfraachformulier fine jo op de pagina Evenemint organisearje.

Kosten

  • In lûdsûntheffing kostet € 80,22 per dei. Oant in maksimum fan € 464,57 per ûntheffing.
  • In lûdsûntheffing foar in hiel kalinderjier kostet € 556,25.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (nasjonaal):

  • Wet miljeubehear
  • Boubeslút 2012
  • Aktiviteitebeslút miljeubehear

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e websideOverheid.nl (lokaal):

  • Algemiene pleatslike feroardering
  • Algemiene pleatslike feroardering; kêst 2.29