Fluch oan:

Elektryske laadpeal op eigen terrein

As jo in eigen oprit hawwe, meie jo dêr in elektryske laadpeal pleatse. Dêr kinne jo sels kontakt foar opnimme mei in garaazjebedriuw of ynstallaasjebedriuw.

Elektryske laadpeal yn de iepenbiere romte

Ynwenners, bedriuwen en ynstellings dy’t elektrysk autoride, mar gjin parkearmooglikheden hawwe op eigen terrein of gjin eigen oprit hawwe, kinne in iepenbiere laadpeal oanfreegje fia de website laadpaalnodig. Dy laadpeal is dan net allinnich foar josels bedoeld, mar ek foar oare brûkers. Op de website laadpaalnodig fine jo alle iepenbiere laadpeallen yn de gemeente.

Betingsten

  • Jo wenje of wurkje yn de gemeente dêr’t jo in laadpeal oanfreegje.
  • Jo wenje of wurkje minimaal 18 oeren wyks yn de oanbelangjende gemeente. Jo moatte dat ek bewize kinne.
  • Jo beskikke (meikoarten) oer in elekryske auto en kinne dat bewize mei in (foarriedich) keap- of leasekontrakt, eigendomsbewiis of fergelykber dokumint.
  • Der is noch gjin iepenbiere laadpeal yn jo omjouwing (maksimaal 250 m rinôfstân fan it oanfraachadres). As der wol in laadpeal yn jo omjouwing is, wurdt sjoen oft dy laadpeal in soad brûkt wurdt.
  • As it om in oanfraach giet foar in laadpeal yn in fergunningplichtich gebiet of ûntheffingshâldersgebiet, moatte jo bewize kinne dat jo in parkearfergunning of parkearfrijstelling hawwe.

Pleatsing

De gemeente Ljouwert hat yn ’e mande mei oare gemeenten yn Fryslân TotalEnergies opdracht jûn om it pleatsen fan iepenbiere laadpeallen út te fieren. Jo meie sels gjin elektryske laadpeal pleatse yn de iepenbiere romte. Ek in kabel oer de stoepe lizze is net tastien. De gemeente Ljouwert jout gjin meiwurking om laadkabels op in feilige wize yn de iepenbiere romte oan te bringen.

Ofhanneling

  • Der wurdt sjoen oft jo oanfraach kompleet is en foldocht oan de betingsten. As dat allegearre it gefal is, siket TotalEnergies yn oerlis mei de gemeente yn de direkte omjouwing fan jo oanfraachadres nei in geskikte lokaasje foar de laadpeal.
  • Sadree’t de oanfraach en it lokaasjefoarstel goedkard binne, wurde nei de tarieding (nimmen en publisearjen fan it ferkearsbeslút, de fergunningerliening en it realisearjen fan de netoansluting) de wurksumheden útfierd.
  • De perioade fan de oanfraach oant it pleatsen fan de elektryske laadpeal duorret sawat 4 moannen.
  • TotalEnergies behannelet alle oanfragen en is ferantwurdlik foar it pleatsen fan de iepenbiere laadpeallen yn de gemeente.