Eigen bankje yn de iepenbiere romte
Wolle jo in bankje pleatse of ferpleatse yn de iepenbiere romte? Dat kin! Der binne wol in pear spulregels.
Wat binne de spulregels?
- Freegje jo buorlju wat sy derfan fine. As sy net akkoart geane mei it pleatsen fan in bankje, kin jo inisjatyf net trochgean.
- Pleats in bankje dat goed past yn ’e omjouwing. De grutte fan it bankje is maksimaal 2.5 by 1.5 meter.
- It bankje moat sichtber wêze foar foarbygongers. Ek yn it tsjuster. Pleats dêrom refleksjemateriaal op it bankje.
- It bankje moat ferpleatst wurde kinne. Dat kin ek mei in heftruck wêze.
- De persoan dy’t it bankje pleatst, is ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan it bankje. Dat jildt ek foar de omjouwing oant 1 meter om it bankje hinne.
Ferskillende soarten bankjes
In eigen bankje. Foar hûs. Op gemeentegrûn.
Wolle jo in eigen bankje pleatse? Mear ynformaasje en it oanfraachformulier fine jo op de pagina ‘Bewennersinisjativen’.
In standert bankje (eventueel foar in spesjale situaasje). Op gemeentegrûn. Foar iepenbier gebrûk.
- It bankje kin in ynskripsje hawwe, en is dan in betinkingsbankje.
- De kosten foar it keapjen en pleatsen fan in bankje binne foar josels. Dy kosten betelje jo ien kear en lizze rûn de € 1.000,-.
- De gemeente Ljouwert bestelt, pleatst en ûnderhâldt it bankje.
- Der wurdt mei jo in brûklienoerienkomst ôfsluten dêr’t in oantal ôfspraken yn fêstlein wurde.
- By in betinkbankje tinke jo nei oer wat der yn it bankje gravearre wurde moat.
- In meiwurker fan de gemeente Ljouwert nimt kontakt mei jo op. Mei elkoar beprate jo wêr’t it bankje it bêste stean kin.
- It is wis dat it bankje de kommende 5 jier op dit plak stean bliuwt. In útsûndering kin makke wurde foar nije ûnfoarsjoene werynrjochting en/of bouprojekten. It bankje wurdt dan yn oerlis mei jo ferpleatst.
- Wolle jo dit bankje oanfreegje? Dat kin mei in Bewennersinisjatyf. Mear ynformaasje en it oanfraachformulier fine jo op de pagina ‘Bewennersinisjativen’.
In net-standert bankje. Op gemeentegrûn. Foar iepenbier gebrûk.
- Dat kin in eigenmakke bankje wêze. Bygelyks fan in beamstam.
- Helje jo it bankje alle jûnen binnen? Dan is in oanfraach net nedich.
- Bliuwt it bankje ek jûns stean? Dan tsjinje jo in oanfraach yn. Dat kin mei in Bewennersinisjatyf. Mear ynformaasje en it oanfraachformulier fine jo op de pagina ‘Bewennersinisjativen’.
- De kosten foar it keapjen en pleatsen fan it bankje betelje jo sels.
- Jo pleatse en ûnderhâlde it bankje sels.
- As der klachten oer it bankje binne, wurde dy nei jo trochstjoerd.

Foarbylden fan in standert en net-standert bankje
Yn it folgjende dokumint sjogge jo foto’s fan in standert en net-standert bankje. Op gemeentegrûn. Foar iepenbier gebrûk.
Wêr pleatse jo it bankje?
- Wolle jo it bankje yn de binnenstêd pleatse? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Der kinne oare spulregels jilde troch bygelyks de beheinde romte en beskerme stedsgesicht.
- Der moat 1,20 meter rinromte oerbliuwe.
- It bankje mei net pleatst wurde op de rinrûte foar blinen en minsken dy’t min sjogge.
- It bankje moat fierder as 2 meter pleatst wurde fan:
- de hoeke fan de strjitte;
- in oerstekplak foar fuotgongers;
- in bushalte;
- beammen en grienfoarsjennings (hagen, plantsoenen en gersfjildsjes); Omdat der mei in masine meand wurde moatte kin.
- It bankje moat fierder as 1 meter pleatst wurde fan objekten lykas:
- ûndergrûnske en boppegrûnske brânkranen;
- ôfsluters;
- bygelyks ferdielkasten fan nutsbedriuwen.
- Hâld de tagong frij nei wenningen, ynstellings en bedriuwen derneist en derboppe.
- Hâld strjitkolken en kolken frij foar de ôffier fan reinwetter.
- De grûn dêr’t it bankje op stiet, bliuwt eigendom fan de Gemeente Ljouwert.
- De gemeente en nutsbedriuwen hawwe altyd frije tagong ta de grûn dêr’t it bankje op stiet. As it nedich is, kin it bankje ferpleatst wurde.
- De gemeente is net ferantwurdlik foar skea by it ferpleatsen fan it bankje.
- As de grûn nedich is foar wat oars, kin it bankje ferwidere wurde. Hjir krije jo yn it foar berjocht fan.
- Hawwe jo in bankje pleatst, mar gjin oanfraach dien? Of hawwe jo jo net oan de spulregels hâlden? It bankje kin dan sûnder oerlis fuorthelle wurde.
Fluch oan: