Fluch oan:

Skjinne Buertpas

Romje jo geregeld swalkôffal op? Freegje dan digitaal in Skjinne Buertpas oan. Mei dy pas smite jo swalkôffal fergees yn in ûndergrûnske kontener. Der binne wol in pear spulregels. Hawwe jo earder in miljeupas ûntfongen om swalkôffal op te romjen? Dy pas bliuwt jildich. Jo hoege gjin nije pas oan te freegjen.

Kinne of wolle jo net digitaal de Skjinne Buertpas oanfreegje?

Download it formulier oanfraach Skjinne Buertpas en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Spulregels

  • De pas oanfreegje kin fanôf 18 jier of âlder. Bist jonger as 18 jier? Freegje dan oft dyn âlden/fersoargers dizze pas oanfreegje.
  • De pas is persoansbûn. Dat betsjut dat allinnich jo de pas brûke meie.
  • Mei de pas meie jo it swalkôffal yn in ûndergrûnske kontener smite.
  • Jo meie alle ûndergrûnske konteners foar restôffal yn ’e gemeente Ljouwert brûke. Romje jo swalkôffal op yn in gebiet dêr’t gjin ûndergrûnske konteners yn ’e buert binne? Stjoer dan in e-mail nei schoon@leeuwarden.nl. Neam jo namme en adres. Tegearre sjogge wy nei in oare oplossing.
  • Jo krije allinnich in pas as jo geregeld swalkôffal opromje. Dat moat minimaal twa kear yn ’e moanne wêze.
  • Om te soargjen dat elkenien de pas allinnich foar swalkôffal brûkt, kin de gemeente mei in stekproef it gebrûk kontrolearje.
  • Brûke jo de pas langer as in heal jier net mear? Dan blokkearje wy de pas.
  • Wy kinne de pas weromfreegje as it projekt stopset wurdt.
  • Jo (persoans)gegevens wurde troch ús net dield mei oare organisaasjes of persoanen. Se wurde allinnich brûkt foar ús administraasje fan útjûne Skjinne Buertpassen.

Skjinne Buertpas kwyt?

Jou dit troch fia schoon@leeuwarden.nl, wy blokkearje de pas en jo kinne in nije pas fan ús krije.

Wurket de pas net mear?

Jou dit troch fia schoon@leeuwarden.nl, neam hjirby it pasnûmer. Meitsje gjin gatsjes yn jo pas om dy bygelyks oan jo kaaibosk te hingjen. De pas wurket dan net mear.

Konteneradopsje

Hâld jo buert skjin en kreas. Help mei troch in ûndergrûnske kontener te adoptearjen. Dan hâlde jo de omjouwing om de konteners yn jo buert hinne skjin en hâlde jo alles wat yn ’e gaten. Yn ’e mande mei de gemeente. Jo kinne dit allinnich dwaan, mei in groep of mei jo buorlju. Jo binne dan in ‘konteneradoptant’.

Mear ynformaasje fine jo op side Adoptearje in ûndergrûnske kontener.

Grutte swalkôffalaksje organisearje?

Wolle jo in grutte swalkôffalaksje organisearje? Stjoer dan in e-mail nei schoon@leeuwarden.nl, dan sjogge wy hoe’t wy jo helpe kinne.

Gouden Griper

De ôfrûnen jierren sjochst se hieltyd faker op strjitte: swalkôffaloppakkers. Wapene mei in jiskesek en griper meitsje hûnderten ynwenners ús gemeente skjinner en dus moaier. Sy binne wichtich foar de gemeente, om’t wy it net allegear allinnich kinne. Dêrom organisearje wy elk jier de Gouden Griper dêr’t wy in oantal swalkôffaloppakkers mei yn it sintsje sette. Yn oktober 2024 meitsje wy bekend hoe’t ynwenners nominearre wurde kinne.

Der binne fjouwer ûnderdielen:

  • De frijwilliger út de buert
  • De jeugdgroep
  • De profesjonal
  • Oanstoarmjend swalkôffaloppak talint