Stoarm
By hurde wyn en stoarm kinne tûken fan beammen waaie, of dakpannen losreitsje fan huzen. Dat kin gefaarlike situaasjes opleverje. Wy dogge ús bêst jo sa feilich mooglik te hâlden.
Wat kinne jo sels dwaan
- Leit der in tûke op it fytspaad? Lis dy oan ’e kant as dat feilich kin. Meitsje altyd in melding by de gemeente, der sitte mooglik noch oare losse tûken yn de beam.
- Romje losse spullen om jo hûs hinne op.
- Slút ruten en doarren.
- Gean net de dyk op as it net noadich is.
Wat dogge jo by stoarmskea
- By direkt gefaar: belje 112. Bygelyks by ynstoartingsgefaar.
- Gjin haast, mar wol de brânwacht noadich: belje 0900-0904. Bygelyks by losse dakbedekking, losse gevelplaten, of in beam dy’t op de iepenbiere dyk falle kin.
- Gjin gefaar, mar wol skea yn de iepenbiere romte: jou digitaal (iepenet yn in nij ljepblêd) jo melding troch of nim kontakt mei ús op. Bygelyks as der in omfallen beam yn de berm leit. Giet it om skea oan eigen beammen of eigen terrein? Dan binne jo dêr sels ferantwurdlik foar.
Skea oan iepenbiere ferljochting
Jou jo melding troch fia de webside MoonOnline. (iepenet yn in nij ljepblêd)
Tips en ynformaasje
Gear foar tips oer stoarm nei de webside fan Fryslân Feilich (iepenet yn in nij ljepblêd).
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: