Frijwilligersfersekering (skea ûnder frijwilligerswurk)
De gemeente kin net sûnder frijwilligers. Dêrom is it belangryk dat jo goed fersekere binne. Mei de frijwilligersfersekering binne jo fersekere foar de meast foarkommende skea. De gemeente hat dizze fersekering mei in útgebreide dekking ôfsletten by Centraal Beheer. Sjoch earst oft jo de skea melde kinne by jo eigen fersekering of by de fersekering fan de organisaasje.
Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje
Download it Skea oanjefteformulier frijwilliger (iepenet yn in nij ljepblêd) en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wa is der fersekere
De fersekering is foar frijwilligers, mantelsoargers en maatskiplike stazjêrs. Ek jongeren dy’t as frijwilliger meidogge oan in programma foar de mienskip binne fersekere.
Wannear bist frijwilliger
Bist frijwilliger ast oan de folgjende betingsten foldochst:
- Helpst oare minsken of de mienskip by:
- in organisaasje mei in sosjaal doel;
- in feriening of stifting;
- in ANBI (algemien nut beëagjende ynstelling).
De organisaasje moat belangryk wêze foar de mienskip.
- hast gjin persoanlik, finansjeel of kommersjeel belang by de wurksumheden;
- dochst it wurk net as berop;
- bist net yn leantsjinst by de organisaasje;
- de fergoeding dy’tst krijst, falt binnen de frijwilligersregeling fan de Belestingtsjinst.
De Frijwilligersfersekering jildt net foar frijwilligers by de brânwacht of plysje.
Faak stelde fragen
Mear fragen en antwurden oer bygelyks de fersekeren, skea en dekking, frijwilligerswurk bûten de gemeente en besteande fersekeringen fine jo yn it dokumint Faakstelde fragen oer de frijwilligersfersekering.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: