Sosjale oerlêst
By it Meldpunt Oerlêst (MOL) pakt de gemeente Ljouwert sosjale oerlêst oan. TInk dêrby bygelyks oan oerlêst fan jo buorlju, hingjongeren of drugsoerlêst. De gemeente praat mei jo oer jo melding. It Meldpunt Oerlêst wurket gear mei oaren om de oerlêst tsjin te gean. Bygelyks de plysje, wenningbouw of soarchynstelling.
Wat kinne jo sels dwaan by strukturele sosjale oerlêst?
- Gean yn petear mei de oerlêstjouwer of skriuw in brief.
- Fine jo dit dreech of komme jo der tegearre net út? Faaks kin de buertbemiddeling wat foar jo betsjutte. Dit is fergees.
- Hiere jo in wenning? Lit jo ferhierder dan witte fan de oerlêst. Bygelyks Elkien of WoonFriesland.
Hawwe jo dit allegearre al dien, mar is der noch altyd oerlêst? Doch dan inmelding by it Meldpunt Oerlêst Ljouwert. Dat kin net anonym. It Meldpunt Oerlêst nimt binnen 4 oant 6 wiken kontakt mei jo op.
Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Driuwende melding
Foar driuwende meldingen belje jo de plysje, op nûmer 0900-8844. By direkt gefaar belje jo 112.
Melding wen-, wurk- en leefomjouwing?
Wolle jo in melding trochjaan oer jo wen-, wurk- en leefomjouwing (iepenbiere romte)? Bygelyks in melding oer loslizzende stoepetegels, ôffaldumpen, swalkôffal, graffity, lûdsoerlêst fan bedriuwen en evenminten, gefaarlike ferkearssituaasjes of oerlêst fan fjoerwurk? Gean dan nei de side Melding wen-, wurk- en leefomjouwing of Klacht yntsjinje.
Gjin oerlêst, mar wol soargen?
Underfine jo gjin oerlêst, mar meitsje jo jo wol soargen? Bygelyks oer in buorman dy’t yn in tige fersmoarge wenning wennet? It buorfamke dat opfallend faak blauwe plakken hat? Of fermoede jo kriminaliteit? Doch dan in melding by de goede ynstânsje:
Meldpunt soarchlik gedrach
Meitsje jo jo soargen oer immen? Bygelyks omdat immen betiisd liket of net mear goed foar himsels soargje kin? Gean dan nei de webside fan GGD Fryslân.
Meld Misdaad Anoniem
Hawwe jo fermoedens oer kriminele aktiviteiten? Gean dan nei de webside fan Meld Misdaad Anoniem.
Veilig thuis
Hawwe jo soargen oer húslik geweld, berne- of âldereinmishanneling, in fechtskieding of seksueel geweld? Gean nei de webside fan Veilig Thuis Friesland.
Melding fan bistelijen
Wurdt yn jo omjouwing in bist ferwaarleazge of mishannele? Gean nei de webside fan de Dierenbescherming.
Fragen