Fluch oan:

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it oanfraachformulier neidielkompensaasje en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wannear oanfreegje?

Jo kinne neidielkompensaasje oanfreegje as bygelyks:

  • In dyk ekstra lang ôfsletten wurdt.
  • Der boud wurdt oan in ûndergrûnske parkeargaraazje.

Ferrekenjen mei kompensaasje dy’t jo earder krigen hawwe

Hawwe jo earder op in oare wize neidielkompensaasje krigen, bygelyks in útkearing fan in fersekering of bydrage fan de ferhierder? Dan ferrekkenet de gemeente dy bedraggen yn de berekkening fan jo neidielkompensaasje.

Wannear krij ik antwurd op myn oanfraach?

Dat kin in jier duorje.

Kosten

In oanfraach neidielkompensaasje kostet € 300,-. Jo krije dit bedrach werom as de gemeente jo gelyk jout.

Wet- en regeljouwing

  • Algemiene Neidielkompensaasjeferoardering gemeente Ljouwert

De wet- en regeljouwing fan de gemeente Ljouwert kinne jo ynsjen fia de lanlike foarsjenning Overheid.nl.