Fluch oan:

Hoe wurket it?

Jou jo melding troch oan ’e gemeente Ljouwert fia it kontaktformulier. Jou dêrby oan:

  • Hokker regels binne neffens jo net nedich of wurkje net?
  • As dat bekend is: yn hokker regeling binne dy regels ferankere (bygelyks in wet of in feroardering)
  • Hoe soe de regeljouwing neffens jo ferbettere of feroare wurde kinne?

Oan ’e hân fan jo melding besjogge wy oft der wat oan ’e regeljouwing feroare wurde kin. Dat kin net yn alle gefallen en soms giet it miskien ek oer regels dy’t net troch de gemeente fêststeld binne, mar bygelyks troch it Ryk. Wy ûndersykje jo melding altyd en jo krije fan ús in reaksje op jo makke melding.