Fluch oan:

Hoe wurket it

Wolle jo grûn, boustoffen en/of de baggerspeesje ôfgrave, ferpleatse, tapasse of tydlik opslaan binnen de gemeente? Kontrolearje earst hokker regels der jilde. Mear ynformaasje fine jo ûnder it kopke Wet- en regeljouwing. Meld jo wurksumheden minimaal 1 wike yn it foar fia DSO (iepenet yn in nij ljepblêd).

Graafwurksumheden

Wannear gjin melding yntsjinje?

  • It tapassen fan maksimaal 25m3 grûn of de baggerspesy as partikulier (troch natuerlike persoan).
  • As op itselde perseel grûn of baggerspesy brûkt wurdt fan itselde lânboubedriuw.
  • Brûken fan maksimaal 50 m3 grûn of baggerspesy dy’t foldocht oan ’e achtergrûnwearde (betreft skjinne grûn, mei meardere funksjes tapasber, miljeuferklearring boaiemkwaliteit moat oanwêzich wêze).

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn in nij ljepblêd):

  • Omjouwingswet
  • Wet miljeubehear
  • Beslút Boaiemkwaliteit

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn in nij ljepblêd):

  • Wet boaiembeskerming
  • Boaiembehearnota Ljouwert