Fluch oan:

Graffity yn ’e Binnenstêd en op De Skrâns

Graffity yn de Binnenstêd en op De Skrâns yn Ljouwert wurdt ien kear yn ’e 14 dagen, nei’t der in melding fan makke is, ferwidere. Foar in oantal objekten yn ’e Binnenstêd en op dD Skrâns is in skjinmakkontrakt ôfsletten.

Graffity op eigen pannen en objekten

Dêr binne jo as eigener sels ferantwurdlik foar. Giet it om graffity op in pân fan in feriening? Meld dit dan by de feriening sels.

Graffity op oare lokaasjes

Jou jo melding digitaal troch oan ’e gemeente.

Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Wat jo noch mear witte moatte

It is wichtich dat jo as eigener/slachtoffer sa gau mooglik oanjefte dogge by de Plysje. De dieders moatte pakt wurde, sadat sy sels de skjinmakkosten betelje kinne. Hâld hjirby rekken mei in oantal spulregels.

Graffiti Platform Leeuwarden

Op spesjaal oanwiisde plakken kinne graffityspuiters oefenje en kontakten lizze mei (erkende) graffitykeunstners fan it Graffiti Platform Leeuwarden. Hjir kinne jo ek terjochte mei jo ideeën oer graffitykeunst.