Fluch oan:

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it formulier Ynfersomstelling foar it net yntiids ôfhanneljen fan in yntsjinne oanfraach en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wannear in twangsom oanfreegje

Jo kinne in twangsom oanfreegje as wis is dat de gemeente te let besletten hat oer jo oanfraach. Dêrfoar jilde dizze betingsten:

  • Jo hawwe in oanfraach yntsjinne. Bygelyks in oanfraach foar in fergunning, subsydzje of útkearing, in fersyk om hanthavening of in beswierskrift.
  • Jo hawwe de gemeente skriftlik yn it sin brocht dat sy te let besletten hawwe oer jo oanfraach. Dit kin mei it formulier Ynfersomstelling foar it net yntiids ôfhanneljen fan in yntsjinne oanfraach.
  • De gemeente hat binnen 2 wiken, nei’t se jo ynfersomstelling krige, noch gjin beslút nommen.
  • De twangsomregeling kin ek jilde foar oanfragen dy’t oare organisaasjes foar de gemeente behannelje.
  • As de gemeente mear tiid nedich hat om jo oanfraach te behanneljen as de perioade dy’t yn ’e wet stiet, kin sy mei jo in langere perioade ôfprate. Is dy langere perioade ôfrûn en hawwe jo neat fan ’e gemeente heard? Dan kinne jo in twangsom easkje.

Wannear hawwe jo gjin rjocht op in twangsom?

Jo kinne gjin twangsom oanfreegje yn dizze situaasjes:

  • Jo hawwe jo beswierskrift te let nei de gemeente stjoerd.
  • Jo freegje in útkearing oan wylst jo in fêste baan ha.
  • Jo hawwe gjin jildich belang by it oanfreegjen fan ’e twangsom.
  • Jo binne skriftlik akkoart gien mei in langere behanneltiid. Sa’n útstel is bygelyks mooglik as de gemeente foar in beslút ôfhinklik is fan in oare organisaasje.
  • De gemeente hat te krijen mei oermacht. Dy útsûndering jildt allinnich yn ekstreme gefallen.
  • Jo binne sels ferantwurdlik foar de fertraging by it behanneljen fan jo oanfraach.
  • Jo hawwe ús ûnreedlik let in ynfersomstelling stjoerd.
  • Jo hawwe ús in ynfersomstelling stjoerd, wylst de behanneltiid noch net foarby wie.

Hoe heech kin in twangsom wêze?

As jo rjocht hawwe op in twangsom, krije jo in bedrach foar elke dei dat de gemeente te let oer jo oanfraach beslist:

  • De earste 14 dagen: € 23,- per dei.
  • De folgjende 2 wiken: € 35,- per dei.
  • De dêropfolgjende perioade: € 45,- per dei.

It totaalbedrach kin net heger wurde as € 1.442,-. Binnen 2 wiken nei’t de gemeente in beslút nommen hat oer jo oanfraach, bepaalt de gemeente it totaalbedrach. Jo krije dêrfan skriftlik berjocht. De gemeente betellet it bedrach binnen 6 wiken. As jo it net iens binne mei de hichte fan it bedrach, kinne jo beswier yntsjinje.