Fluch oan:

Meldpunt om misstannen te melden

Tinke jo dat in ferhierder him net oan de regels hâldt? Doch dan in melding by it meldpunt fan de gemeente Ljouwert. Dit is fergees.

Fragen of help nedich?

Gean lâns by de buert- of doarpskeamer by jo yn ’e buert. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Hiere jo fia Elkien, WoonFriesland of WoonzorgNederland?

Nim dan fuortdaliks kontakt op mei de wenningboukorporaasje dêr’t jo fan hiere.

Wannear melde?

Jou in melding troch as:

  • de ferhierder in wenningsykjende diskriminearret by it sykjen nei in nije hierder;
  • de ferhierder de hierder bedriget of bang makket;
  • de ferhierder de hierder mear as 2 moannen hier as boarch freget;
  • der gjin skriftlik hierkontrakt is tusken de ferhierder en de hierder;
  • de ferhierder de hierder net goed ynljochtet oer:
    • rjochten en plichten dy’t net yn it hierkontrakt stean;
    • de boarch en wannear’t de hierder de boarch weromkrijt;
    • kontaktgegevens fan de ferhierder;
    • it meldpunt foar netwinske ferhiergedrach;
    • in dúdlik oersicht fan alle servicekosten.
  • de ferhierder de hierder ûnterjochte servicekosten freget;
  • in ferhierbemiddeler mear as ien kear bemiddelingskosten oan de hierder freget.

Wat bart der nei jo melding?

Om jo melding goed te behanneljen, wurkje wy gear mei it Huurteam Leeuwarden. Sy nimme binnen 5 wurkdagen kontakt mei jo op.

It Huurteam ûndersiket de melding tegearre mei jo

Hâldt de ferhierder him yndied net oan de wet? Dan jout it Huurteam dat troch oan de gemeente. Wy kinne de ferhierder in boete jaan.

Wat bart der mei de gegevens yn de melding?

Wy slaan persoansgegevens fan melders en ferhierders op. Wolle jo witte hoe’t wy dat dogge? Mear ynformaasje fine jo op de pagina Privacy.

Direkt kontakt mei it Huurteam Leeuwarden

Yn de folgjende stiuaasjes nimme jo direkt kontakt op mei it Huurteam. Dit is fergees. Belje nei 058-2132415 of stjoer in e-mail nei info@huurteamleeuwarden.nl

  • As jo tinke dat jo te folle hier betelje.
  • By min ûnderhâld fan jo wenning.
  • In hierkontrakt dat net neffens de wet opsteld is.

Faak stelde fragen

Ik tink da ik te folle hier betelje. Kin de gemeente helpe?

De gemeente net. It Huurteam Leeuwarden wol. Belje nei 058-2132415 of stjoer in e-mail nei info@huurteamleeuwarden.nl.

Kin ik sels kontrolearje oft ik tefolle hier betelje?

Ja. Doch online in hierpriischeck fia de webside fan de Huurcommissie. De hier hinget ôf fan de kwaliteit fan jo hierwenning.

Jildt de wet allinnich foar nije hierkontrakten, of ek foar besteande hierkontrakten?

De wet jildt foar alle hierkontrakten. Dus ek foar hierkontrakten dy’t al bestean.