Ljouwert docht mei 10 oare partners mei oan it projekt Active Cities. Dit projekt krijt goed €3 miljoen subsydzje fan de EU (Interreg North Sea Region-programma). Om stêden sûner te meitsjen.
Hoe dogge wy dat?
Troch aktive mobiliteit te stimulearjen. Bygelyks fytse of kuierje.
Wêr rjochtet it projekt him op?
Op de folgjende 3 ûnderwerpen:
- de iepenbiere romte
- mobiliteitshubs
- minsklik gedrach
Wêr sille wy Active Cities foar brûke?
Active Cities sil in wichtige rol spylje yn de foarmjouwing fan it nije Spoardok. Om derfoar te soargjen dat it dêr noflik is om te kuierjen en te fytsen.
Ek slút it projekt goed oan by it doel fan ús gemeente om dé fytsstêd fan Nederlân te wurden; Fyts-op-1.