WhatsApp Buertprevinsje-groep
Jo kinne yn jo wyk, buert of doarp WhatsApp brûke om ûnfeilige situaasjes te werkennen. Fia in WhatsApp-groep kinne jo fertochte situaasjes diele mei jo buorlju. De gemeente en de plysje wurkje dêroan mei. Ek yn Ljouwert binne yn ferskate wiken WhatsApp-groepen en binne WhatsApp Buertprevinsje-buorden pleatst.
Wêr binne WhatsApp-groepen
Fia de website fan WhatsApp Buurtpreventie (iepenet yn in nij ljepblêd) kinne jo neigean oft der by jo yn de buert al in WhatsApp-groep is. Mocht der noch gjin WhatsApp-groep wêze, dan is it mooglik dat jo dat sels regelje. Yn it dokumint Mei-inoar foar in feilige buert fine jo alle ynformaasje. Foar alle technyske fragen ferwize wy jo nei de website fan WhatsApp (iepenet yn in nij ljepblêd).
WhatsApp Buertprevinsje-buorden
Yn guon wiken binne der yn de iepenbiere romte WhatsApp Buertprevinsje-buorden ophongen. Wolle jo dat ek? Dan moatte jo oan de folgjende betingsten foldwaan:
- it fersyk wurdt yntsjinne foar de hiele wyk;
- by it fersyk wurdt in kaart fan de wyk oanlevere dêr’t de buorden op yntekene binne;
- de buorden by de ynfalsdiken fan de wyk steane yntekene;
- as de WhatsApp Buertprevinsje-buorden sels betelle wurde.
Tsjinje digitaal (iepenet yn in nij ljepblêd) in fersyk yn.
Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje
Download dan it formulier oanfraach Whatsapp buertprevinsje buorden (iepenet yn in nij ljepblêd) en folje yn. Stjoer it formulier mei bylagen op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it gemeentehûs.
De WhatsApp-buorden bestelle en pleatse
As jo oan de betingsten foldogge, nimt de gemeente kontakt mei jo op. Dêrnei freget de gemeente in priisopjefte oan foar de buorden dy’t jo besteld hawwe. Jo ûntfange dy priisopjefte per e-mail. Gean jo akkoart mei de priisopjefte? Dan wurde de buorden pleatst. Jo krije in faktuer foar de buorden en betelje dy faktuer sels.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: