Waarm waar
In hjitteweach kin gefolgen hawwe foar jo sûnens en de natuer. Dêrom hat de gemeente in lokaal hjitteplan opsteld. Wat kinne jo sels dwaan en wat docht de gemeente?
Wat kinne jo sels dwaan
Gean nei de webside fan Fryslân Veilig (iepenet yn in nij ljepblêd), de webside fan it RIVM (iepenet yn in nij ljepblêd) of it Reade Krús (iepenet yn in nij ljepblêd)foar tips om sûn en koel te bliuwen by waarm waar.
Ferkuolling yn de gemeente
Yn de gemeente binne ferskate plakken bûten om ôf te kuoljen:
- Gratis wettertaappunten
- Koele plakken yn de stêd
- Swimwetter om ôf te kuoljen
Op de kaart (iepenet yn in nij ljepblêd) stiet wêr’t jo wetter drinke kinne en swimme kinne.
Tink om elkoar
By hyt waar is it ekstra belangryk om nei elkoar om te sjen.
Tink foaral om:
- âlderen;
- (groanysk) siken;
- jonge bern;
- minsken dy’t allinnich wenje.
In lyts gebeart helpt al. Gean bygelyks even lâns en freegje hoe’t it giet.
Wat dogge wy
- Wy hâlde de situaasje yn de gaten en folgje de advizen op fan it RIVM en de Veiligheidsregio Fryslân.
- Wy wurkje gear mei ferskillende organisaasjes. Bygelyks mei de GGD Fryslân, Brânwacht Fryslân, Rykswettersteat, Wetterskip Fryslân en de Veiligheidsregio Fryslân. Elke organisaasje hat in eigen hjitteprotokol.
- Wy hâlde brêgen yn de gaten.
- Wy struie sâlt op diken dêr’t it asfalt begjint te plakken. Dat soarget derfoar dat it asfalt ôfkuollet.
- By offisjele swimwetters brûke wy meldingen fan it wetterskip oer blau-alch.
- As der in soad fisken deagean, komme wy yn aksje en pleatse wy soerstofpompen.
Botulisme melde
Fine jo op 1 plak in soad deade fisken, fûgels, of einen? Nim dan kontakt mei ús op.
Oanpaste tsjinstferliening
Troch in hjitteweach kinne wy ús tsjinstferliening oanpasse. Aktuele iepeningstiden fine jo op de pagina Kontakt.
Subsydzjes foar in griene tún en isolaasje fan it hûs
Mei isolaasje en in tún mei in soad planten en net folle tegels hâlde jo de eigen omjouwing koel. De gemeente helpt jo dêrmei mei ynformaasje en subsydzje:
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: