Fluch oan:

Hoe oanfreegje?

De subsydzje is op dit stuit allinnich beskikber foar goed 40 selektearre wenningen yn Ljouwert-East. De eigeners fan dy wenningen binne al yn petear mei de gemeente.

Fan ein 2024 ôf kinne mear eigeners fan wenningen yn Ljouwert-East de subsydzje oanfreegje.

Wolle jo op ’e hichte bliuwe?

Skriuw jo yn foar de nijsbrief fan Ljouwert East.

Betingsten

  • Jo hawwe in petear hân mei in meiwurker fan de gemeente Ljouwert oer dizze subsydzje.
  • Jo binne eigener fan de wenning.
  • Jo hawwe in wenning yn Bilgaard, de Frijheidswyk, Ald-East of Heechterp-Skieringen.
  • De wearde fan jo wenning is leger as € 160.000.
  • Jo wenning is noch net goed isolearre.

Hichte subsydzje

De gemeente betellet 80% fan de kosten foar de isolaasje, oant maksimaal € 12.000.