Oan de slach mei in geveltún, ynsektehotel, beamspegel, iepenbier grien, plantebak of bank
Meitsje jo strjitte moaier, griener en sûner mei in geveltún, ynsektehotel, beamspegel, plantebak of bank. Jo kinne ek it iepenbier grien yn jo buert ynrjochtsje en ûnderhâlde. Dit binne bewennersinisjativen dy’t de gemeente graach stipet.
Algemiene betingsten
Dizze regels jilde foar alle inisjativen:
- De grûn bliuwt eigendom fan de gemeente Ljouwert.
- De gemeente is net oanspraaklik by skea. Ek net troch ferpleatsing.
- De gemeente en nutsbedriuwen meie altyd by de grûn komme.
- De gemeente mei it inisjatyf tydlik of definityf ferwiderje as dat nedich is.
- Jo binne sels ferantwurdlik foar de kosten en it ûnderhâld.
- Oerlis earst mei jo buorlju. As sy beswier hawwe, kin it net trochgean.
- Soargje dat der gjin oerlêst is foar oaren.
- Hâld strjitgoaten, kolken en roasters frij.
- Yn de binnenstêd jilde ekstra regels. Nim kontakt op mei de gemeente. Of e-mail nei: bewonersinitiatieven@leeuwarden.nl.
- Beëindigje jo it inisjatyf? Jou dit troch oan de gemeente.
De gemeente mei it inisjatyf stopje of ferwiderje as jo jo net oan de betingsten hâlde.
Geveltún oanlizze
In geveltún is in smelle tún lâns de gevel fan jo wenning op gemeentegrûn.
Betingsten:
- Hiere jo de wenning? Freegje de eigener fan it hûs om akkoart.
- Breedte: 30 oant 45 sm (1 oant 1,5 stoeptegel).
- Der moat 1,20 meter romte oerbliuwe op de stoepe.
- Jo meie fuorthelle tegels brûke as râne.
- Komme jo kabels of liedingen tsjin? Nim kontakt op mei de gemeente, jo húsbaas of it nutsbedriuw.
- Foarkom oerhingjende tûken.
Nei jo oanfraach kontrolearret de gemeente it plak. As dit akkoart is, ferwideret de gemeente de strjitfluorring en leit in râne oan.
Dêrnei begjinne jo mei ynrjochtsjen. Ferfang it sân troch túngrûn. Mear ynformaasje oer geskikte planten fine jo op de webside Grien libbet yn Ljouwert.
Ynsektehotel pleatse
In ynsektehotel is in plak dêr’t ynsekten skûlje en ferbliuwe kinne.
Betingsten:
- Oerlis mei de gemeente oer de lokaasje.
- Maksimaal 1 meter heech. Is it heger? Oerlis mei de gemeente.
- Brûk materiaal dat past yn de omjouwing.
- Hâld 2 oant 4 meter ôfstân fan beammen, strûken, peallen, buorden, banken, prullebakken, boarterstastellen en sa.
- Hâld 1 meter ôfstân fan brânkranen, kabels en liedingen.
- It hotel mei gjin trochgong blokkearje.
- Stiet it hotel yn it gers? Underhâld ek it gers deromhinne.
Beamspegel adoptearje
In beamspegel is de grûn om in beamstam hinne. Jo meie hjir in túntsje meitsje. By goedkarring leit de gemeente in wite tegel by jo beamspegel.
Betingsten:
- Kontrolearje oft de grûn goed is.
- Jo meie de grûn maksimaal 10 sm opheegje.
- Gjin râne oanbringe.
- Beskeadigje gjin beamwoartels.
- Jou geregeld wetter.
Grien adoptearje
Soms meie jo in stik gemeentegrûn (maksimaal 50 m²) ynrjochtsje en ûnderhâlde. By goedkarring leit de gemeente in wite tegel by de grûn. De gemeente mei it behear weromnimme as dat nedich is. Jo krije berjocht.
Betingsten:
- Heakje oan jo oanfraach in plattegrûn ta (bygelyks fia Google Maps).
- De beamspegel is bedoeld foar eigen gebrûk, net foar ferhier of gebrûk troch oaren.
- Hâld it plak iepen en grien: pleats gjin stekjes of tegels.
- Kies beammen of strûken mei woartels dy’t net djip de grûn yn groeie.
Plantebak pleatse
In plantebak makket de strjitte griener en geselliger.
Betingsten:
- Maksimaal 1 x 1 x 1 meter grut.
- De bak moat passe yn de omjouwing.
- De bak moat sichtber wêze yn it tsjuster (refleksje).
- De bak moat ferpleatsber wêze.
- Hâld 1,20 meter rinromte frij op ’e stoepe.
- Soargje dat de rinrûte foar blinen en minsken mei beheind sicht frij is.
- Hâld 2 meter ôfstân fan hoeken, oerstekplakken, bushaltes en grienfoarsjenningen lykas beammen, hagen en gersfjildsjes.
- Hâld 1 meter ôfstan oant brânkranen en stroomkasten.
Eigen bank pleatse.
Standertbank fia de gemeente
De gemeente kin in bank foar jo pleatse. Jo betelje de kosten en de gemeente docht it ûnderhâld. Der binne ferskate mooglikheden:
Type bank | Priis mei pleatsing |
---|---|
Standertbank | € 770,00 |
Standertbank mei tinkplaatsje | € 1100,00 |
Picknickset sûnder rêchleuning | € 1850,00 |
Picknickset mei rêchleuning | € 2000,00 |
Gjin standertbank | Priis op oanfraach |
Eigen ûntwerp bank
Jo meie ek in eigen bank ûntwerpe en in plak kieze yn de iepenbiere romte. It Platfoarm foar Bewennersinisjativen beoardielet jo foarstel. Ofspraken wurde fêstlein yn in oerienkomst. Helje jo it bankje alle jûnen binnen? Dan is in oanfraach net nedich.
Betingsten:
- Jo betelje de bank en soargje foar it ûnderhâld, ek oant 1 meter om de bank hinne.
- Jo regelje sels de pleatsing nei goedkarring fan de gemeente.
- Pleats in bankje dat goed past yn ’e omjouwing. De bank mei maksimaal 2,5 meter by 1,5 meter wêze.
- De bank moat sichtber wêze, ek yn it tsjuster.
- It bankje moat ferpleatst wurde kinne.
- By klachten wurde jo op de hichte brocht en moatte jo aksje ûndernimme. Bart dat net? Dan ferwideret de gemeente de bank.
- Gefaarlike situaasjes? Dan hellet de gemeente nei oerlis de bank fuort.
- It plak moat feilich en goed berikber wêze, ek foar it meanen.
- De bank bliuwt 5 jier stean, behalve as der boud wurdt of de omjouwing opnij ynrjochte wurdt. Dan wurdt de bank yn oerlis mei jo ferpleatst.
- As de bank meardere kearen stikke makke wurdt, sjogge wy oft in oar plak better is.
Subsydzje
Jo kinne subsydzje oanfreegje foar jo bewennersinisjatyf. Dit kin bygelyks fia it wyk- of doarpspanelof fia de regelingMei-inoar Libje, Mei-inoar Sûn.
Melde, oanfreegje of opsizze
Gean jo oan de slach mei in geveltún, ynsektehotel of beamspegel? Wolle jo iepenbier grien ynrjochtsje en ûnderhâlde? Of wolle jo in plantebak of bank pleatse? Freegje dit earst digitaal by ús oan. Ek as jo opsizze wolle.
Kinne jo of wolle jo dit net digitaal oanfreegje of opsizze?
Download it formulier Oanfreegjen / Opsizzen geveltún, ynsektehotel, beamspegel, iepenbier grien, plantebak, bank en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer bewennersinisjativen fine jo op de pagina Bewennersinisjativen foar in bettere buert.