Fluch oan:

Geveltún oanlizze

In geveltún is in smelle tún lâns de gevel fan in eigen wenning op gemeentegrûn.

Spulregels foar it oanlizzen

  • De breedte is sawat 1 oant 1,5 tegel (30 à 45 sm).
  • Der moat 1,20 meter rinromte oerbliuwe.
  • Fuorthelle stiennen kinne jo brûke as plantebak foar jo túntsje troch se rjochtop te setten.
  • As jo by graafwurk kabels en liedingen tsjinkomme, nimme jo kontakt op mei de húsbaas, gemeente of it nutsbedriuw.
  • Hâld goaten en ûntluchtingsroasters yn ’e gevel frij.
  • Kom oerlêst fan oerhingjende tûken en oar grien foar.
  • De grûn dêr’t de geveltún oanlein wurdt, bliuwt eigendom fan de Gemeente Ljouwert.
  • De gemeente en nutsbedriuwen hawwe altyd frije tagong ta de grûn fan de geveltún.
  • Oanplant en ûnderhâlden geveltún foar oanfreger.

Geveltún oanfreegje of opsizze

Jo kinne dit digitaal oanfreegje of opsizze.

Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje?

Download it formulier Geveltunen, beamspegels, plantebakken en it adoptearjen fan grien (PDF, 61,32 KB) en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Beamspegel adoptearje

In beamspegel is it plak om de stam fan in beam hinne. Jo kinne hjir jo eigen túntsje meitsje. As jo in beamspegel adoptearre hawwe, wurdt der in spesjale tegel by jo beamspegel dellein; dan wurdt jo túntsje net fuorthelle.

Spulregels foar it oanlizzen

  • Kontrolearje oft de grûn goed genôch is.
  • De beamspegel mei maksimaal 25 sm ophege wurde mei modder.
  • Wolle jo grave? Soargje dan dat jo de bearmwoartels net beskeadigje.
  • Jou geregeld wetter. In beamspegel is faak in drûch plak.

Beamspegel adoptearje of opsizze

Jo kinne dit digitaal oanfreegje of opsizze.

Kinne jo of wolle jo dit net digitaal oanfreegje of opsizze?

Download it formulier Geveltunen, beamspegels, plantebakken en it adoptearjen fan grien (PDF, 61,32 KB) en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Plantebak pleatse

As jo in plantebak pleatse wolle, freegje dan earst jo buorlju wat sy derfan fine. As sy net akkoart geane mei it pleatsen fan in plantebak, kin it net trochgean. Dat kin problemen jaan mei jo buorlju en dat wol net ien.

Hokker plantebak brûk ik?

  • Pleats in bak dy’t goed past yn ’e omjouwing. De grutte fan de bak is maksimaal 1 x 1 x 1 meter.
  • Op de bak moat refleksje oanbrocht wurde, sadat er yn it tsjuster sichtber is foar alle ferkearsdielnimmers.
  • De bak moat sa makke wêze dat er ferpleatsber is (eventueel mei in heftruck).

Wêr pleats ik de plantebak?

  • Foar fuotgongers is it nedich dat der 1,20 meter rinromte oerbliuwt op in stoepe/yn in fuotgongersgebiet.
  • De bak mei net pleatst wurde op de rinrûte foar blinen en minsken dy’t min sjogge.
  • Der moat in ôfstân fan op syn minst 2 meter frijholden wurde nei:
    • De hoeke fan de strjitte.
    • Fuotgongersoerstekplakken en bushaltes.
    • Beammen en grienfoarsjenningen (hagen, plantsoenen en gersfjildsjes) yn ferbân mei it ûnderhâld.
  • De tagong ta neistlizzende en boppelizzende wenningen, ynstellingen en bedriuwen moat frijholden wurde.
  • In ôfstân fan op syn minst 1 meter moat frijholden wurde nei:
    • Undergrûnske en boppegrûnske brânkranen.
    • Ofslutters en ferdielkasten fan nutsbedriuwen.
  • Strjittegoaten en kolken moatte frijholden wurde foar it ôffieren fan reinwetter.
  • Foar de binnenstêd jilde, yn ferbân mei de beheinde romte en it beskerme stedsgesicht, oanfoljende regels. Jo kinne hjirfoar kontakt opnimme mei de gemeente Ljouwert.

Wa ûnderhâldt de plantebak?

Jo as oanfreger binne sels ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan de plantebak. Kom oerlêst foar.

Wêr moat ik fierder rekken mei hâlde?

  • De grûn dêr’t de plantebak op stiet, bliuwt eigendom fan de gemeente Ljouwert.
  • Dúdlik moat wêze wa’t de oanfreger fan de plantebak is en oft dyjinge de spulregels kent.
  • As de grûn nedich is foar oare saken, kin de bak nei berjochtjouwing oan de oanfreger fan de plantebak fuorthelle wurde.
  • De gemeente en nutsbedriuwen hawwe altyd frije tagong ta de grûn dêr’t de plantebak op stiet. De plantebak kin hjirfoar ferpleatst wurde troch de Bûtentsjinst of oanbelangjende oannimmer.
  • De gemeente is net ferantwurdlik foar skea by it ferpleatsen fan de bakken.
  • De bak kin, as der net foldien wurdt oan de spulregels “Plantebak”, sûnder fierder oerlis fuorthelle wurde.

Plantebak oanfreegje of opsizze

Jo kinne dit digitaal oanfreegje of opsizze.

Kinne jo of wolle jo dit net digitaal oanfreegje of opsizze?

Download it formulier Geveltunen, beamspegels, plantebakken en it adoptearjen fan grien (PDF, 61,32 KB) en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Grien adoptearje

Yn bepaalde situaasjes is it mooglik om in stik gemeentegrûn of iepenbier grien te ûnderhâlden. Dat is maksimaal 50 m2. Jo kinne hjir sels blommen of planten yn sette, mar de grûn bliuwt eigendom fan de gemeente Ljouwert.

Spulregels foar it oanlizzen

As jo in stik gemeentegrûn of iepenbier grien ûnderhâlde wolle, freegje dan earst jo buorlju wat sy dêrfan fine. As sy net akkoart geane mei it adoptearjen fan in stik gemeentegrûn of iepenbier grien, kin it net trochgean. Dat kin problemen jaan mei jo buorlju en dat wol net ien.

  • De grûn bliuwt eigendom fan de gemeente Ljouwert.
  • De gemeente kin de adoptearre grûn wer weromnimme yn eigen behear as dat nedich is. Hjir krijt de oanfreger dan berjocht oer.
  • De gemeente is net oanspraaklik foar eventuele skea dy’t jo by it ûnderhâld ûnderfine.
  • As der net foldien wurdt oan de spulregels “Adopsje grien”, kin it inisjatyf troch de gemeente stopsetten wurde en nimt de gemeente de adoptearre grûn wer werom yn eigen behear.
  • Heakje oan jo oanfraach in kaartsje/plattegrûn ta fan it stikje grûn dat jo ûnderhâlde wolle. Dat kin fia Google Maps.
  • As de oanfraach goedkard wurdt, wurdt der in wite tegel pleatst as teken dat it ûnderhâld troch de bewenner sels dien wurdt.
  • As jo beslute om it iepenbier grien net langer te ûnderhâlden, dan hearre wy dat graach. Jo kinne in e-mail stjoere nei: bewonersinitiatieven@leeuwarden.nl.

Wêr moat ik rekken mei hâlde?

  • De grûn mei net ferhierd wurde, yn ûnderhier of foar hokker gebrûk dan ek ôfstien wurde oan tredden.
  • Der meie gjin opstallen, hekwurken en/of oare bouwurken pleatst wurde dy’t de tagong beheine.
  • Der mei gjin oerlêst feroarsake wurde foar omwenners.
  • De grûn mei net betegele wurde.
  • Der meie gjin djip woarteljende beammen en/of struken oanplante wurde. Dit yn ferbân mei kabels en liedingen.
  • De gemeente of nutsbedriuwen meie altyd, as dat nedich is, grûnwurksumheden útfiere.
  • Strjittegoaten en kolken moatte frij holden wurde foar it ôffieren fan reinwetter.
  • Foar de binnenstêd jilde, yn ferbân mei de beheinde romte en it beskerme stedsgesicht, oanfoljende regels. Jo kinne hjirfoar kontakt opnimme mei de gemeente Ljouwert fia it e-mail adres: bewonersinitiatieven@leeuwarden.nl.

Iepenbier grien adoptearje of opsizze

Jo kinne dit digitaal oanfreegje of opsizze.

Kinne jo of wolle jo dit net digitaal oanfreegje of opsizze?

Download it formulier Geveltunen, beamspegels, plantebakken en it adoptearjen fan grien (PDF, 61,32 KB) en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Bewennersinisjatyf yntsjinje

Wolle jo as bewenner wat organisearje, útfiere en finansiere mei as doel de leefomjouwing yn jo doarp, wyk of buert te ferbetterjen? Dan kinne jo in bewennersinisjatyf yntsjinje. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Bewennersinisjatyf yntsjinje.