Fluch oan:

Fûgels en sûchdieren

Fûne of ferwûne fûgels of sûchdieren

Nim kontakt op mei Stifting Fûgelasyl De Fûgelhelling. Adres De Feart 1, Oerterp. Telefoannûmer: 0512-514328.

Ien deade fûgel op eigen terrein

Dy mei yn in pûdsje yn ’e ôffalbak. Brûk it leafst (fuortsmyt)wanten en waskje dêrnei jo hannen.

Deade fûgel op gemeentegrûn

Reitsje de deade fûgel net oan. Belje 058-2663370.

Mear as 3 deade einen, guozzen, swannen? Of mear as 20 oare deade fûgels?

Miskien giet it om ’e fûgelgryp. Nim kontakt op mei De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) fia telefoannûmer 045-5463188.

Oerlêst fan fûgels

  • Romje ôffal op. Dat lûkt bygelyks seefûgels en dowen oan.
  • It is ferbean om fûgels te deadzjen of mei opset sin te fersteuren.
  • Nêsten en aaien binne yn it briedseizoen beskerme. Guon nêsten binne it hiele jier beskerme. Bygelyks dy fan ’e húsmosk, gûlswel en roek.
  • Wol meie jo nêsten besykje foar te kommen. Bygelyks troch in iepen skoarstien ôf te sluten of de romte ûnder sinnepanielen ticht te meitsjen mei gaas. Dy maatregels moatte jo foar of nei it brieden nimme. It is net tastien as it giet om fûgels dêr’t de nêsten it hiele jier fan beskerme binne.

Mear ynformaasje of help fine jo op ’e webside fan in ekologysk advysburo.

Roeken

Oerlêst op gemeentegrûn kinne jo melde. Elke maitiid ûntfange wy in soad meldingen. By slimme oerlêst besykje wy dy safolle mooglik ôf te hanneljen. Wy belove net dat de oerlêst oplost wurde kin.

Wy hawwe in ûntheffing foar it ferjeien fan roeken nei in oar plak (fêststelde behearlokaasjes). Dit binne plakken dêr’t de roek him fuortplantsje kin, sûnder oerlêst.

Húsdieren

Opfang en werpleatsing fan húsdieren

Nim kontakt op mei Stifting Bisteopfang De Wissel. Adres Kealledykje 75, Ljouwert. Telefoannûmer 058-2664300.

Húsdieren fûn

Bygelyks in swerfkat. Nim kontakt op mei Stifting Diereambulânse de Wissel. Telefoannûmer 058-2664300. Sy binne 24 oeren deis berikber.

Húsdier begrave of kremeare

Jo kinne jo ferstoarne húsdier kremeare litte yn in húsdierekrematoarium. Of nei de Miljeustrjitte bringe.

Begrave yn eigen tún of op eigen grûn mei. It gat moat op syn minst 75 sm djip wêze.

Oerlêst fan katten

Oerlêst fan katten op eigen grûn, dêr kin de gemeente neat oan dwaan. De grûn is net fan de gemeente. Witte jo fan wa’t de kat is? Gean yn petear mei de eigener.

Der binne fia ynternet ek tips te finen oer hoe’t jo op in bistfreonlike wize katten tsjinhâlde.

Rottepleach en mûzepleach

Tips om in pleach tsjin te hâlden:

  • Hâld jo eigen omjouwing skjin.
  • Romje ôffal op en bewarje iten yn ôfsletten bakken. Ek bygelyks fûgelfoer en bôle foar einen.
  • Meitsje gatten en kieren ticht.

Mear ynformaasje fine jo op ’e webside Kennis- en Adviescentrum Dierplagen (KAD).

Dochs oerlêst, nettsjinsteande de maatregels?

De eigener fan de grûn is sels ferantwurdlik foar it oplossen fan it probleem.

Is de oerlêst op gemeentegrûn? Jou dan in melding troch.

Muskusrotten

Nim kontakt op mei it Wetterskip. Telefoannûmer 058-2922222.

Ikeprosesjerûp

Kontakt mei in ikeprosesjerûp kin soargje foar jûkte, hûdútslach, yrritaasje oan ’e eagen en luchtwegen.

Jou in melding troch as jo de ikeprosesjerûp op gemeentegrûn fine.

Bijen en wepsen

Bijen bestowe planten, dêrûnder lânbougewaaksen. Sûnder bijen soe ús fiedselproduksje slim yn ’e problemen komme. Bijen binne in bedrige bistesoart en wurde dêrom net bestriden.

Ek wepsen hawwe in wichtige taak. Se fiede harren larven mei bygelyks miggen, langpoaten en rûpen. Ek de ikeprosesjerûp. Sa helpe wepsen mei de ynsektepopulaasje yn balâns te hâlden.

Dochs oerlêst?

  • Bijeswaarm op eigen grûn: nim kontakt op mei in ymker of swaarmfanger.
  • Wepsenêst op eigen grûn: nim kontakt op mei in pleachdierebestridingsbedriuw.
  • Bijeswaarm of wepsenêst op gemeentegrûn: jou in melding troch.

Stienmurden

De stienmurd is in beskerme bistesoart en mei dêrom net fongen of deade wurde. Ek mei syn leefomjouwing net sûnder tastimming fersteurd of stikken makke wurde.

Wat kinne jo sels dwaan?

Wolle jo advys oer hoe’t jo omgean kinne mei oerlêst troch stienmurden? Gean nei de webside fan Meldpunt flearmûzen en stienmurden of BIJ12.

Bliuwend oerlêst?