Fluch oan:

Trije stappen om CO2-neutraal te wurden

  1. Wy besparje safolle mooglik enerzjy, troch minder enerzjy te brûken.
  2. De enerzjy dy’t wy ferbrûke, wekke wy sa duorsum mooglik sels op. Dus enerzjy út duorsume boarnen.
  3. Wat wy net sels duorsum opwekke kinne, kompensearje wy fia sertifikaten. It leafst sa lokaal mooglik. In duorsum sertifikaat bewiist dat de enerzjy, dy’t wy noch ekstra ynkeapje moatte, duorsum opwekt is. En dus bydraacht oan minder CO2-útstjit.

Wy brûke hjirby in helpmiddel: de lanlike CO2-Prestaasjeljedder (iepenet yn in nij ljepblêd). Organisaasjes kinne by dy prestaasjeljedder in offisjeel bewiis (iepenet yn in nij ljepblêd) behelje fan harren CO2-útstjit.

Sûnt 2025 brûke wy dy nije noarmen fan Stichting Klimaatvriendelijk Aanbevelen en Ondernemen (SKAO). Yn dizze nije noarmen foar it ferleegjen fan de CO2-útstjit, is mear omtinken foar gearwurking en dúdlike ôfspraken mei bygelyks leveransiers en projektûntwikkelers oan wa’t wy as gemeente opdrachten jouwe.

Wy ferwachtsje ein 2026 it byhearrende sertifikaat te ûntfangen foar triem 1: Ferleegjen fan de CO2-útstjit yn eigen organisaasje. (Dit komt yn it plak fan nivo 3 dat hearde by de âlde rjochtlinen fan SKAO.)

CO2-prestaasjeljedder en nulmjitting

Yn 2022 is in nulmjitting dien. Der is sjoen nei hoefolle enerzjy wy as organisaasje y 2019 ferbrûkt hawwe en hoefolle CO2 wy útstjitten hawwe. Troch de sifers fan 2019 te brûken, komme wy ferkearde sifers troch de koroanatiid foar. Elk jier wurdt der sjoen oft wy deryn slagje om ús útstjit te ferminderjen.

De CO2-prestaasjeljedder lit sjen hoefolle CO2 de gemeentlike organisaasje útstjit. Dy mjitting helpt om útstjit fan ús organisaasje en ús projekten lytser te meitsjen. De mjitting helpt ek om kennis te dielen mei kollega’s, oare organisaasjes en bedriuwen. Mei-inoar sykje wy nei mooglikheden om minder CO2 út te stjitten.

Us CO2-ferbrûk en it ferminderjen dêrfan

Mear ynformaasje fine jo yn it dokumint CO2-jierferslach 2025 trêd 1 (iepenet yn in nij ljepblêd). Kinne jo dit dokumint net lêze? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

De CO2-prestaasjeljedder hat de folgjende nivo’s (triemen)

Nivo 1 – Eigen organisaasje

In organisaasje giet oan de slach mei koarte-termyndoelen (oant 3 jier), mei it enerzjyferbrûk en de útstjit fan de eigen organisaasje.

Nivo 2 – Ynfloed yn de keten

De fokus leit op de belangrykste aktiviteiten fan in organisaasje en op de middellange termyn (5 oant 10 jier). Produkt-merkkombinaasjes, ketenanalyzes, dielname oan programma’s om CO2-útstjit te ferminderjen.

Nivo 3 – CO2 ferleegje nei 0 yn 2050

De neidruk leit op it lange-termyndoel (oant 2050) nei 0 útstjit. Sawol foar de eigen aktiviteiten fan de organisaasje, as foar de keten. In organisaasje wurdt ek stimulearre om foarby de keten te sjen nei útstjit. Lykas mijde útstjit. Dat is ûnderdiel fan de strategy en it belied fan de organisaasje.

Hokker stappen sette wy no al

Wy keapje enerzjy en grien gas lokaal en duorsum yn

Wy keapje enerzjy en grien gas yn fia de Fryske koöperaasje OVEF (iepenet yn in nij ljepblêd). Dat wurdt safolle mooglik lokaal opwekt. Dat soarget derfoar dat it jild dat wy útjouwe oan enerzjy, yn ús eigen omjouwing bliuwt.

Wy meitsje ús weinpark duorsumer

De measte auto’s en oare ryd- en wurktugen fan de gemeente Ljouwert stjitte gjin CO2 mear út. Se ride elektrysk, op grien gas of op blauwe disel.

Wy ferdoarsumje ús gebouwen

It pân fan Hanthavening oan de Grienewei is hielendal isolearre en fan it ierdgas ôf. It wurdt no duorsum ferwaarme.

Hokker resultaten hawwe wy al berikt?

Mear ynformaasje fine jo yn it dokumint Ljouwert ferleget har CO2-útstjit – fuortgong 2025.

Wat sille wy noch mear dwaan

Enerzjybesparring by de gemeentlike húsfesting

De bêste manier om te ferduorsumjen, is minder enerzjy ferbrûke. Dêrom sjogge wy by it gemeentekantoar, it stedhûs en it Histoarysk Sintrum Ljouwert wat wy ferbetterje kinne. Per gebou bepale wy hokker maatregels noadich binne. Sa wolle wy yn 2030 CO2 neutraal wêze.

Sels duorsume enerzjy opwekke

Wy ûndersykje hoe’t en wêr’t de gemeentlike organisaasjes sels duorsume enerzjy opwekke kinne. Wy sjogge bygelyks nei (mear) sinnepanielen op eigen dakken en ‘sinnecarports’ boppe parkearterreinen.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.