CO2-prestaasjeljedder
De gemeente Ljouwert wol yn 2030 CO2-neutraal wêze. Wy wolle enerzjy besparje, CO2-útstjit foarkomme en úteinlik CO2-neutraal wurde. Ek geane wy duorsum om mei de grûnstoffen yn ús ynfrastruktuer, bouwurken en produkten. Wy besykje safolle mooglik opnij te brûken. Ek hjirmei komme wy CO2-útstjit foar. Dy doelen stean yn ’e Ljouwerter Enerzjyaginda.
Trije stappen om CO2-neutraal te wurden
- Wy besparje safolle mooglik enerzjy, troch minder enerzjy te brûken.
- De enerzjy dy’t wy ferbrûke, wekke wy sa duorsum mooglik sels op. Dus enerzjy út duorsume boarnen.
- Wat wy net sels duorsum opwekke kinne, kompensearje wy fia duorsume sertifikaten. It leafst sa lokaal mooglik. In duorsum sertifikaat bewiist dat de enerzjy, dy’t wy noch ekstra ynkeapje moatte, duorsum opwekt is. En dus bydraacht oan minder CO2-útstjit.
Wy brûke hjirby in helpmiddel: de lanlike CO2-Prestaasjeljedder. Organisaasjes kinne by dy prestaasjeljedder in offisjeel bewiis behelje fan harren CO2-útstjit.
Wy hawwe wilens it sertifikaat ûntfongen foar Nivo 3.
CO2-prestaasjeljedder en nulmjitting
Yn 2022 is in nulmjitting dien. Der is sjoen nei hoefolle enerzjy wy as organisaasje y 2019 ferbrûkt hawwe en hoefolle CO2 wy útstjitten hawwe. Troch de sifers fan 2019 te brûken, komme wy ferkearde sifers troch de koroanatiid foar.
De CO2-prestaasjeljedder lit sjen hoefolle CO2 de gemeentlike organisaasje útstjit. Dy mjitting helpt om útstjit fan ús organisaasje en ús projekten lytser te meitsjen.
De mjitting helpt ek om kennis te dielen mei kollega’s, oare organisaasjes en bedriuwen.
Mei-inoar sykje wy nei mooglikheden om minder CO2 út te stjitten.
De CO2-prestaasjeljedder hat de folgjende nivo’s (triemen)
Nivo 3 – Eigen organisaasje
Ynsicht yn it enerzjyferbrûk en de CO2-útstjit, de CO2-doelstellingen en CO2-maatregels yn ’e eigen organisaasje. En ynformaasje oer regelingen dy’t der binne.
Nivo 4 – Ynventarisaasje ynfloed yn ’e keten
Produkt-merkkombinaasjes, ketenanalyzes, dielname oan programma’s om CO2-útstjit te ferminderjen
Nivo 5 – Aksje yn ’e keten
Ynsicht yn ’e CO2-útstjit, de strategy en it belied fan ’e gemeente en de wize wêrop’t de gemeente dêrby gearwurket mei oaren.
Nivo 3 is it ynstapnivo foar organisaasjes. Faak meitsje organisaasjes 1 of 2 jier letter de stap nei Nivo 4 of 5.
Hokker stappen sette wy no al?
Wy keapje enerzjy lokaal en duorsum yn
Eartiids kochten wy enerzjy yn fia duorsume sertifikaten út it bûtenlân.
No keapje wy enerzjy yn yn ús eigen omjouwing. Dat soarget derfoar dat it jild dat wy útjouwe oan enerzjy, yn ús eigen omjouwing bliuwt.
Duorsume (sinne)stroom keapje wy yn fia Energie van Ons.
CO2-útstjit troch gasferbrûk meitsje wy goed mei griene sertifikaten fan Valuta voor Veen. Dy organisaasje soarget foar minder CO2-útstjit yn it Fryske feangreidegebiet.
Wy meitsje ús weinpark duorsumer
De measte auto’s en oare ryd- en wurktugen fan de gemeente Ljouwert stjitte gjin CO2 mear út. Se ride elektrysk, op grien gas of op blauwe disel.
Hokker resultaten hawwe wy al berikt?
Dat stiet yn it dokumint Doel gemeente Ljouwert CO2-neutraal yn 2030.
Us CO2-ferbrûk en it ferminderjen dêrfan
Dat stiet yn it dokumint CO2-fuortgong gemeente Ljouwert 2022.
Wat sille wy noch mear dwaan?
Enerzjybesparring by de gemeentlike húsfesting
De bêste manier om te ferduorsumjen, is minder enerzjy ferbrûke. By de folgjende 4 gebouwen fan de gemeente sjogge wy wat mooglik is: it Gemeentekantoar, it Stedhûs, it Histoarsyk Sintrum Ljouwert (HCL) en it gebou fan Hanthavening.
Per gebou sykje wy út wat nedich is om hjir minder enerzjy te brûken. Dêr nimme wy maatregels foar. Dy moatte derfoar soargje dat wy yn 2025 80% minder CO2 útstjitte.
Sels duorsume enerzjy opwekke
Wy ûndersykje hoe’t en wêr’t de gemeentlike organisaasjes sels duorsume enerzjy opwekke kinne. Wy sjogge bygelyks nei (mear) sinnepanielen op eigen dakken en ‘sinnecarports’ boppe parkearterreinen.