Kliïntûnderfiningsûndersyk Jeugdhelp
Jo of jo (pleech)bern hawwe/hat Jeugdhelp oanfrege by de gemeente Ljouwert. De gemeente is ferantwurdlik foar de Jeugdhelp en fynt it wichtich dat jo of jo (pleech)bern goed holpen wurdt/wurde.
Wy wolle graach witte wat jo fan de help fine.
Dit ûndersiket ûndersyksburo MAGIS foar ús. Dat dogge sy op dizze 2 mominten:
- Sawat 6 wike nei it earste petear mei de Jeugdkonsulint. De fragen gean oer it petear dat jo hân hawwe.
- Sawat 6 moanne nei it earste petear mei de Jeugdkonsulint. De fragen gean oer de kwaliteit en it effekt fan de Jeugdhelp.
Jo gegevens en antwurden wurde feilich en fertroulik behannele.
Wy as gemeente komme net te witten hokker antwurden jo ynfolle hawwe. MAGIS bewarret jo gegevens yn in feilige omjouwing dy’t foldocht oan de privacyregels.
Helpe jo mei?
Dat is fijn! Jou dit troch oan de Jeugdkonsulint. Lit de Jeugdkonsulint witte oft MAGIS jo e-maile of belje kin. MAGIS nimt dan kontakt mei jo op. It beäntwurdzjen fan de fragen duorret maksimaal 8 minuten.
Wolle jo net meidwaan?
Ek dat is prima! Lit dat wol even witte oan de Jeugdkonsulint.
Hawwe jo fragen?
Nim kontakt op mei MAGIS fia telefoannûmer 0314-359889 of stjoer in e-mail nei info@magis.nl.
Mear ynformaasje?
Mear ynformaasje oer Jeugdhelp fine jo op de pagina Jeugdhelp.