Fluch oan:

Wy wolle graach witte wat jo fan de help fine.

Dat sil ûndersyksburo MAGIS foar ús ûndersykje. Dat dogge sy op dizze trije mominten:

  1. In moanne nei it earste petear mei de Jeugdkonsulint. Dy fragen geane oer it kontakt en it petear dat jo hân hawwe.
  2. Ungefear 4 moannen nei’t de Jeugdhelp úteinset is. Dy fragen geane oer de kwaliteit fan de Jeugdhelp.
  3. Ungefear 10 moannen neidat de Jeugdhelp úteinset is. Dy fragen geane oer de ynfloed fan de Jeugdhelp.

Jo gegevens en antwurden wurde feilich en fertroulik behannele.

Wy as gemeente komme net te witten hokker antwurden jo ynfolle hawwe. Wy sjogge allinnich it totaal fan alle antwurden. MAGIS bewarret jo gegevens yn in feilige omjouwing dy’t foldocht oan de privacyregels.

Helpe jo mei?

Dat is fijn! Jou dit troch oan de Jeugdkonsulint. MAGIS nimt dêrnei kontakt mei jo op.
Lit de Jeugdkonsulint witte oft MAGIS jo e-maile of belje kin. It beäntwurdzjen fan de fragen duorret maksimaal 8 minuten.

Wolle jo net meidwaan?

Ek dat is prima! Lit dat wol even witte oan de Jeugdkonsulint.

Hawwe jo fragen?

Nim kontakt op mei MAGIS fia telefoannûmer 0314-359889 of stjoer in e-mail nei info@magis.nl.

Mear ynformaasje?

Mear ynformaasje oer Jeugdhelp fine jo op de pagina Jeugdhelp.