Fluch oan:

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Oanfreegjen of ferlingen gedoochferklearring?

In gedoochferklearring hawwe jo nedich foar it starten of oernimmen fan in coffeeshop. Dy freegje jo elk jier opnij oan. Download it formulier oanfraach/ferlinging gedoochferklearring foar coffeeshops (PDF, 53.27 KB) en ful yn. It is net mooglik om dizze gedoochferklearring digitaal yn te tsjinjen.

Feroaret de ûndernimmingsfoarm?

Bygelyks fan in ienmanssaak nei in fennoatskip ûnder firma (VOF) of in besletten fennoatskip (BV). Freegje in nije fergunning oan.

Jo hâlde op as ondernîmmer

Wy hearre dit graach binnen ien wike nei it momint dat jo ophâlde.

Kosten

Eksploitaasjefergunning

  • Oanfraach € 686,71.
  • Melding wiziging liedingjaande € 131,65.
  • Wiziging fan de fergunning € 131,65.

Alkoholfergunning

  • Oanfraach € 677,33.
  • Melding wiziging liedingjaande € 131,65.
  • Wiziging fan de fergunning € 131,65.

Terrasfergunning

  • Oanfraach € 560,14.
  • Wiziging fan de fergunning € 420,07.

Stiet jo terras op gemeentegrûn

De gemeente Ljouwert freget belesting as in hoarekaûndernimmer in terras pleatst op gemeentegrûn. Dit hjit prekariobelesting. Der binne twa gebieten.

De kaart prekariobelestingen sône terrassen (PDF, 2.25 MB) makket dúdlik foar hoarekaûndernimmers en ynwenners wêr’t gebiet 1 en gebiet 2 fan prekariobelesting jildt.

Gebiet 1 € 46,50 per m2 per jier.

  • leit om it Wilhelminaplein (Saailân), it Hôfplein, Twabaksmerk en it Stasjonsplein hinne;
  • omfettet de wichtichste winkel- en hoarekastrjitten, lykas de Nijstêd en de Iewâl;
  • ek de lytsere steechjes en pleinen yn dit sintrumgebiet falle hjirûnder;
  • it giet om de folgjende strjitnammen en pleinen: Hôfplein, Iewal (foar in part), Nijstêd, Nau, Kelders, Oer De Kelders, De Brol, Grientemerk, Piperstrjitte, Alde Lombardsteech, Huoddemakkerssteech, Alde Doelesteech, Iepe Brouwerssteech, Haniasteech, Wolvesteech, Molesteech, Grut Skavernek, Ruterskertier, Saailân, Wilhelminaplein, Drúfstreek, Twabaksmerk, Stasjonsplein en Stasjonswei.

Gebiet 2 € 12,71 per m2 per jier.

Dit binne alle oare strjitten yn it sintrum fan Ljouwert en de gemeente Ljouwert.

Wet- en regeljouwing en/of beliedsnota’s

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):

  • Alkoholwet
  • Alkoholbeslút
  • Alkoholregeling

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):

  • Algemiene Pleatslike Feroardering Ljouwert
  • Hoarekabelied Ljouwert
  • Coffeeshopbelied Ljouwert
  • Beliedsregels beoardieling libbensgedrach
  • Leezjesferoardering Ljouwert
  • Feroardering prekariobelesting Ljouwert

Fragen of mear ynformaasje

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.