Fluch oan:

Eksploitaasjefergunning of alkoholfergunning?

Eksploitaasjefergunning of alkoholfergunning?

Dit is ôfhinkelik fan of jo wol of gjin alkohol skinke.
Lês ek de ynformaasje ûnder it kopke ‘Wet Befoardering yntegriteitsbeoardieling iepenbier bestjoer (Wet Bibob)’.

Eksploitaasjefergunning

Jo hawwe in eksploitaasjefergunning nedich as jo in hoarekabedriuw begjinne of oernimme wolle dêr’t jo gjin alkohol skinke. Ek foar coffeeshops en bedriuwen om guod ôf te heljen is in eksploitaasjefergunning nedich.

Hoe oanfreegje?

In eksploitaasjefergunning kinne jo digitaal oanfreegje.

By it yntsjinjen fan in oanfraach moatte jo bylagen taheakje. In oersjoch hjirfan fine jo yn de ynformaasjefolder eksploitaasjefergunning hoarekabedriuw starte. Soargje dêrom earst dat alle bylagen klear binne foar’t jo in oanfraach yntsjinje. Ful foar it yntsjinjen fan in oanfraach earst ek it Bibob-frageformulier yn.

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download de folgjende formulieren en folje se yn:

Oanfreegjen of ferlingen gedoochferklearring?

In gedoochferklearring hawwe jo nedich foar in coffeeshop. Download it formulier oanfraach/ferlinging gedoochferklearring foar coffeeshops (PDF, 53.27 KB) en ful yn. It is net mooglik om dizze gedoochferklearring digitaal yn te tsjinjen.

Alkoholfergunning

Jo hawwe in eksploitaasjefergunning nedich as jo in hoarekabedriuw begjinne of oernimme wolle dêr’t jo wol alkoholyske drank skinke. Ek drankwinkels hawwe in alkoholfergunning nedich.

Hoe oanfreegje (kommersjeel hoarekabedriuw of slitersbedriuw)?

In alkoholfergunning kinne jo digitaal oanfreegje.

By it yntsjinjen fan in oanfraach moatte jo bylagen taheakje. In oersjoch hjirfan fine jo yn de ynformaasjefolder alkoholfergunning hoarekabedriuw starte (PDF, 2.77 MB) en de ynformaasjefolder slitersbedriuw starte. Soargje dêrom earst dat alle bylagen klear binne foar’t jo in oanfraach yntsjinje. Ful foar it yntsjinjen fan in oanfraach foar in hoarekabedriuw earst ek it Bibob-frageformulier yn.

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download de folgjende formulieren en folje se yn:

Hoe oanfreegje (para-kommersjeel hoarekabedriuw)?

In alkoholfergunning kinne jo digitaal oanfreegje.

By it yntsjinjen fan in oanfraach moatte jo bylagen taheakje. In oersjoch hjirfan fine jo yn de ynformaasjefolder alkoholfergunning hoarekabedriuw starte (parakommersjeel). (PDF, 2,94 KB) Soargje dêrom earst dat alle bylagen klear binne foar’t jo in oanfraach yntsjinje.

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it folgjende formulier en ful yn:

Terrasfergunning

Wolle jo in terras brûke? Dan hawwe jo in terrasfergunning nedich. Allinnich hoarekabedriuwen meie in terras hawwe.

Hoe oanfreegje?

As jo in nij hoarekabedriuwe begjinne, sette jo yn jo oanfraach dat jo in terras wolle.

Hawwe jo in alkoholfergunning of eksploitaasjefergunning?

Wolle jo in besteand terras grutter of lytser meitsje? Jo kinne digitaal in oanfraach foar it wizigjen fan de fergunningen yntsjinje.

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it oanfraach/wiziging fan lokaliteit(en)/terras fan in hoarekabedriuw en ful yn.

Terras op eigen terrein?

Hawe jo in eksloitaasjefergunning en stiet it terras folslein op eigen grûn? Dan hawwe jo gjin terrasfergunning nedich.

Wet Befoardering yntegriteitsbeoardieling iepenbier bestjoer (Wet Bibob)

De Wet Bibob soarget derfoar dat kriminele aktiviteiten net ûnbedoeld en onbewust mooglik makke wurde troch de gemeente. De gemeente wol gjin ûnbetroubere hoareka-ûndernimmers. Alllinnich mar sûne en earlike hoarekabedriuwen.

As jo in fergunning oanfreegje foar in hoarekabedriuw (ynkl. coffeeshops), seksynrjochting of spyllautomatehal, hawwe jo te krijen mei de Wet Bibob.

Frageformulier Wet Bibob ynfolje

Freegje jo in eksploitaasjefergunning of alkoholfergunning oan? Dan fulle jo ek it Bibob-frageformulier yn.

Hawwe jo in drankwinkel of in para-kommersjeel hoarekabedriuw?

Dan hoege jo it frageformulier Wet Bibob net yn te foljen.

Wat bart der mei it Frageformulier Wet Bibob?

Mei de gegevens dy’t jo ynfolje op it frageformulier, docht de gemeente in yntegriteitsûndersyk nei jo bedriuw en de minsken dy’t dêr by hearre. Blykt út dat ûndersyk dat jo de fergunning miskien brûke sille foar kriminele aktiviteiten? Dan freegje wy advys fan it ‘Landelijk Bureau Bibob’. Dat betsjut dat jo 8 oant 12 wiken langer wachtsje moatte op jo fergunning.

Binne der gjin twivels (mear) oar de yntegriteit fan de ûndernimmer of oare minsken dy’t by it bedriuw hearre? Dan kin de fergunning ôfjûn wurde.

Ferklearring fan goed hâlden en dragen (VOG)

Freegje jo in eksploitaasjefergunning oan? Dan moatte jo as oanfreger in VOG oanfreegje. Dit kinne mear persoanen wêze. Bygelyks by in fennoatskip ûnder firma.

Hoe oanfreegje?

Helje in formulier op by it Gemeentehûs. Of stjoer in e-mail nei vergunningen@leeuwarden.nl. Jou oan om hokker hoarekabedriuw it giet.

Wolle jo in wurknummer byskriuwe op it oanhingsel fan de fergunning?

Dan hoecht dizze wurknimmer gjin VOG oan te freegjen.

Regels foar it ynfoljen fan de VOG

  • De persoan foar wa’t de VOG nedich is, follet it formulier sels yn. Dizze persoan leveret it ynfolle formulier yn by de eigen gemeente. Nim by it ynleverjen in jildich identiteitsbewiis mei. In VOG oanfreegje kostet jild.
  • De gemeente stjoert de VOG nei it hûsadres fan de persoan dy’t de VOG oanfrege hat.
  • De oanfreger moat de orizjinele VOG ynleverje by de gemeente Ljouwert.

Melding wiziging liedingjaande

Hawwe jo in alkoholfergunning of eksploitaasjefergunning? Dan kinne jo in nije liedingjaande byskriuwe litte op it oanhingsel fan de fergunning.

Jo kinne dit direkt digitaal trochjaan.

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it Formulier ferklearring liedingjaande en ful yn. Foar ferskate soarten fergunnings jilde ferskate easken foar de nije liedingjaande.

Easken foar in (nije) liedingjaande by in eksploitaasjefergunning

  • Minimaal 18 jier (21 jier foar coffeeshops).
  • Gjin min hâlden en dragen yn it ferline. Bygelyks in finzenisstraf en/of boete.
  • Stiet net ûnder kuratele.

Easken foar in (nije) liedingjaande by in alkoholfergunning

  • Minimaal 21 jier.
  • Gjin min hâlden en dragen yn it ferline. Bygelyks in finzenisstraf en/of boete.
  • Stiet net ûnder kuratele.
  • Ynskreaun yn it online ‘Register Sociale Hygiëne’.

Wannear mei de meiwurker as nije liedingjaande oan it wurk?

Sa gau as jo fan ús hearre dat wy it formulier ‘Ferklearring liedingjaande’ krigen hawwe. Foldocht de meiwurker dy’t oanmelden is net oan de easken foar in liedingjaande? Dan mei dizze meiwurker allinnich net mear as liedingjaande wurkje yn it bedriuw.

Iepeningstiden hoarekabedriuwen

De gemeente Ljouwert wurket mei ferskate gebieten. Dy hawwe elk har eigen iepeningstiden.

Plattegrûn slutingstiden Ljouwert

Plattegrûn slutingstiden Grou

Foar in hoarekabedriuw mei in alkoholfergunning of in coffeeshop jildt in úterste talittingstiid. Fan dat stuit ôf meie jo gjin nije besikers mear talitte.

Foar in tal hoarekabedriuwen hat de gemeente in útsûndering makke. Dizze steane yn it Hoarekabelied Ljouwert. It Hoarekabelied Ljouwert fine jo ûnder it kopke ‘Wet- en regeljouwing’, ûnder oan dizze pagina.

Gebiet 1 – Read

Alkoholfergunning of coffeeshop Eksploitaasjefergunning Deihoareka en bedriuwen om ôf te heljen
Iepeningstiden Moandei oant en mei snein tusken 08.00 en 05.00 oere Moandei oant en mei snein tusken 08.00 en 05.00 oere Moandei oant en mei snein tusken 07.00 en 22.00 oere
Gjin nije besikers mear talitten nei 03.00 oere Net fan tapassing Net fan tapassing
Hoarekabedriuw moat ticht en leech wêze 05.00 oere 05.00 oere 22.00 oere

Gebiet 2 – Rôs

Alkoholfergunning of coffeeshop Eksploitaasjefergunning Deihoareka en bedriuwen om ôf te heljen
Iepeningstiden Moandei oant en mei snein tusken 08.00 en 03.00 oere Moandei oant en mei snein tusken 08.00 en 03.00 oere Moandei oant en mei snein tusken 07.00 en 22.00 oere
Gjin nije besikers mear talitten nei 02.00 oere Net fan tapassing Net fan tapassing
Hoarekabedriuw moat ticht en leech wêze 03.00 oere 03.00 oere 22.00 oere

Gebiet 3 – Wyt

Alkoholfergunning of coffeeshop Eksploitaasjefergunning Deihoareka en bedriuwen om ôf te heljen
Iepeningstiden Moandei oant en mei snein tusken 08.00 en 01.00 oere Moandei oant en mei snein tusken 08.00 en 10.00 oere Moandei oant en mei snein tusken 08.00 en 22.00 oere
Gjin nije besikers mear talitten nei 00.00 oere Net fan tapassing Net fan tapassing
Hoarekabedriuw moat ticht en leech wêze 01.00 oere 01.00 oere 22.00 oere

 

Iepeningstiden terrassen

Hawwe jo in terrasfergunning? Dan jilde aparte iepeningstiden.
Coffeeshops en bedriuwen om ôf te heljen meie gjin terras hawwe.

Plattegrûn slutingstiden Ljouwert

Plattegrûn slutingstiden Grou

Gebiet 1 (read) en gebiet 2 (rôs)

Alkoholfergunning Eksploitaasjefergunning Deihoareka
Iepeningstiden* Moandei oant en mei snein tusken 08.00 en 01.00 oere Moandei oant en mei snein tusken 08.00 en 01.00 oere Moandei oant en mei snein tusken 08.00 en 22.00 oere

* Yn de moannen juny oant en mei septimber jildt in oare slutingstiid. Nachts fan freed op sneon en fan sneon op snein is de slutingstiid 02.00 oere.

Gebiet 3 (wyt)

Alkoholfergunning Eksploitaasjefergunning Deihoareka
Iepeningstiden Moandei oant en mei snein tusken 08.00 en 00.00 oere Moandei oant en mei snein tusken 08.00 en 00.00 oere Moandei oant en mei snein tusken 08.00 en 22.00 oere

Feroaret der wat yn jo hoarekabedriuw?

Dan hawwe jo in nije of oanpaste fergunning nedich.

Feroaret de ûndernimmingsfoarm?

Bygelyks: fan in ienmanssaak yn in BV? Freegje dan in nije fergunning oan.

Wolle jo ferbouwe of útwreidzje mei in ekstra lokaasje?

Bygelyks: in ekstra ferdjipping? Jou dit troch fia it formulier ‘Oanfraach/wiziging fan lokaasje(s)/terras fan een hoarekabedriuw’ ûnder it kopke ‘Terrasfergunning’ op dizze pagina.

Jo hâlde op as ondernîmmer

Wy hearre dit graach binnen ien wike nei it momint dat jo ophâlde. Stjoer in e-mail nei: vergunningen@leeuwarden.nl.

Persoanlike gearkomste melde

As para-kommersjeel hoarekabedriuw meie jo maksimaal 4 gearkomsten per jier organisearje. Dizze gearkomsten moatte in persoanlik karakter hawwe. Bygelyks: in brulloft, feestje, resepsje, jubileum, jierdei of kondolearjen Dizze gearkomsten falle bûten de gewoane aktiviteiten fan jo hoarekabedriuw.

Hoe melde?

Jou uterlik 3 wiken foar de gearkomste jo melding digitaal troch.

Wolle of kinne jo dit net digitaal melde?

Download dan it folgjende formulier en folje it in:

Meldingsformulier Persoanlike gearkomsten

Kosten

Eksploitaasjefergunning

  • Oanfraach € 639,33.
  • Melding wiziging liedingjaande € 122,57.
  • Wiziging fan de fergunning € 122,57.

Alkoholfergunning

  • Oanfraach € 630,59.
  • Melding wiziging liedingjaande € 122,57.
  • Wiziging fan de fergunning € 122,57.

Terrasfergunning

  • Oanfraach € 521,50.
  • Wiziging fan de fergunning € 391,09.

Stiet jo terras op gemeentegrûn?

Dan moatte jo hjirfoar betelje. Der binne 2 sônes mei ferskillende prizen.

Kaart prekariobelestingen sône terrassen (PDF, 2,25 MB)

  • Sône 1 € 43,91 per m2 per jier.
  • Sône 2 € 12,01 per m2 per jier.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):

  • Alkoholwet
  • Alkoholbeslút
  • Alkoholregeling

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).

  • Algemiene Pleatslike Feroardering Ljouwert.
  • Hoarekabelied Ljouwert
  • Coffeeshopbelied Ljouwert
  • Leezjesferoardering gemeente Ljouwert
  • Feroardering prekariobelesting gemeente Ljouwert