Ynskriuwe yn Nederlân út it bûtenlân wei
Komme jo út it bûtenlân en bliuwe jo langer as 4 moannen yn Nederlân? Meitsje binnen 5 dagen nei oankomst yn Nederlân in ôfspraak om jo ynskriuwe te litten yn de Basisregistraasje Persoanen. Studinten krije fia skoalle in e-mail mei in link foar it meitsjen fan in ôfspraak.
Sûnder ôfspraak kinne wy jo net helpe
De datums dy’t jo sjogge by it online ynplannen fan jo ôfspraak binne de iennichste datums dy’t beskikber binne.
Meinimme nei it gemeentehûs
Jo komme persoanlik lâns op it gemeentehûs. Ek jo partner en bern, as dy der binne.
- In paspoart of identiteitsbewiis.
- As it foar jo jildt, in:
- Houliksakte
- Echtskiedingsakte
- Akte fan ferstjerren as bewiis dat it houlik troch ferstjerren ûntbûn is.
- Berte-akten fan de bern.
- Dokuminten dêr’t út blykt dat jo yn in bepaald pân wenje. Bygelyks in hierkontrakt, eigendomsbewiis of in ferklearring fan de haadbewenner fan it pân.
Binne jo yn it bûtenlân berne?
Nim in berte-akte mei. Soms moat dy legalisearre wêze. Mear ynformaasje fine jo op de website fan it Ministearje fan Justysje (iepenet yn in nij ljepblêd).
Hawwe jo in frjemde nasjonaliteit?
Nim in bewiis fan rjochtmjittich ferbliuw mei. Dat hoecht net as jo ynwenner(s) fan de Europeeske Uny binne.
Komme jo fan Aruba, Curaçao of Sint Maarten?
Nim in bewiis fan útskriuwing mei.
Kosten
Fergees.
Regelje by feroaringen yn jo libben
Der feroaret wat yn jo libben. Dit neame wy in libbensbarren. Soms bart dit ûnferwachts, soms planne jo it sels. Op de website fan de Ryksoerheid (iepenet yn in nij ljepblêd) fine jo ynformaasje oer wat jo regelje kinne en witte moatte.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: