Fluch oan:

Foarnommen ferhier fan flekswenningen

De gemeente Ljouwert hat it foarnimmen om 192 flekswenningen oan de Bradawei, op it perseel kadastraal bekend as gemeente Ljouwert, seksje G, nûmers 16490, 18341 en 18342 yn te setten foar it tydlik húsfestjen fan ferskillende doelgroepen yn de folgjende ferdieling:

  • 66 units foar Oekraïners op grûn fan de Regeling opfang ferballen Oekraïne
  • 66 units foar Fergunninghâlders
  • 60 units foar spoedsikers

De ferhier en it behear fan de flekswenningen is opdroegen oan CareX.

Oekraïners en fergunninghâlders

Oekraïners wurde tydlik yn de flekswenningen húsfeste op grûn fan de Regeling opfang ferballe Oekraïners op de gemeente rêstende publike taak. De tawizing fan flekswenningen oan dizze kategory bart op grûn fan bestjoerlike ôfspraken.

Fergunninghâlders wurde tydlik yn de flekswenningen húsfeste as tuskentiidske foarsjenning dy’t bean wurdt as ûnderdiel fan de op grûn fan de Húsfestingswet 2014 op de gemeente rêstende taakstelling. De tawizing fan dizze wenningen oan dizze kategory bart op grûn fan ôfspraken mei it Sintraal Orgaan opfang Asylsikers.

Spoedsikers

De gemeente Ljouwert hantearret foar it tawizen fan 60 units de folgjende kritearia foar de term spoedsikers:

  • It giet om yn gesinsferbân libjende húshâldens fan minimaal 2 persoanen;
  • It húshâlden is troch útsûnderlike omstannichheden per direkt op syk nei tydlik ûnderdak.
  • It húshâldynkommen is maksimaal bruto € 52.671;
  • Der is sprake fan in oantoanber urgint húsfestingsferlet;
  • De flekswenning wurdt ferhierd oan minimaal 2 en maksimaal 4 persoanen.

Yn it gefal der op iennich momint wenningen dy’t mominteel beskikber binne foar tawizing oan Oekraïners en fergunninghâlders net langer ynset hoege te wurden foar de tydlike húsfesting fan dizze kategoryen, kin de gemeente dy ek ynsette foar tawizing oan spoedsikers.

Tawizing oan spoedsikers bart yn begjinsel op grûn fan folchoarder fan ynkomst en beskikberens fan in passende flekswenning. Yn bysûndere (need)gefallen kin op grûn fan urginsje fan dizze folchoarder ôfwykt wurde.

Tydlikheid en trochstreaming

De flekswenningen binne bestimd om brûkt te wurden foar tydlike húsfesting. Mei útsûndering fan de kategory Oekraïners, wurde de wenningen yn begjinsel hieltyd foar maksimaal twa jier ferhierd. Fan hierders wurdt ferwachte dat sy binnen dizze perioade trochstreame nei oare wenromte.

De flekswenningen hawwe sels ek in tydlik karakter en binne realisearre op grûn fan in tydlike omjouwingsfergunning. Nei it ferrinnen fan de fergunning moatte de flekswenningen ferwidere wurde.

Ynformaasje en kontakt

De tawizing fan flekswenningen oan Oekraïners en fergunninghâlders bart op grûn fan de dêrfoar jildende regelingen.

De tawizing fan flekswenningen oan spoedsikers bart nei oanmelding en beoardieling oft oan de kritearia foar tawizing foldien wurdt. Wa’t belangstelling hat foar in flekswenning en mient oan de kritearia foar tawizing as spoedsiker te foldwaan, kin dit kenber meitsje troch in e-mailberjocht te stjoeren oan fryslan@carex.nl of te beljen mei telefoannûmer 058-711 33 08.