Fluch oan:

Wat barde der yn de tiid fan Bosk?

Dizze keunstynstallaasje fan Bosk kuiere fan lokaasje nei lokaasje en tsjoende de strjitten en pleinen sa om ta griene oäzes. Bosk gie it petear oan mei de stêd en har bewenners en naam de besiker mei yn it ferhaal fan de ierde, dat nedich werskreaun wurde moat. Bosk frege omtinken foar it op ’e nij besjen fan de ferhâlding tusken minske en natuer.

Bosk fertelde in ferhaal dat ferbynt, betsjoent, de blik ferrommet mar ek werkenber is. Elkenien koe en mocht oanheakje by Bosk en waard útnûge om mei te tinken of mei te dwaan. It projekt befieme, neist it kuierjende bosk, in breed partisipaasje-, edukaasje-, kultuer- en ferdjippingsprogramma foar Ljouwert en Fryslân.

Yn ’e mande mei dielnimmers, wiken, doarpen, ferienings, ûndernimmers en organisaasjes, stribbe Bosk nei in grienere takomst troch it plantsjen fan in hiel soad beammen. Sa krigen de beammen en de tûzenen siedlingen fan it kuierende bosk nei 14 augustus 2022 allegearre in permanint plak yn de gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân.

Bosk waard ynisjearre troch Joop Mulder silger (Sense of Place) en betocht troch Brune Doedens (SLeM), yn nau oparbeidzjen mei Arcadia.

Rûte fan it Bosk en ynformaasje foar besikers

De rûte fan it Bosk en mear ynformaasje fine jo op de website fan Arcadia.

Wat is der nei Bosk mei de beammen bard?

De beammen binne nei har kuier troch de binnenstêd op de folgjende lokaasjes yn de gemeente Ljouwert plante:

  • Bedriuweterreinen de Himrik en de Swette (in aksje yn it ramt fan klimaatadaptaasje; oanpak wetteroerlêst en hjittestress).
  • Middelsee en Súdlannen (nije wiken).
  • Mantgum (earder baggerdepot yn Plan Boppeslach).
  • Waachplein (fergrienjen binnenstêd).
  • Ljouwert East (ferskate wiken).
  • Akkrum (de beammen binne 19 augustus 2022 mei de boat ophelle. Gemeente Hearrenfean hat de beammen dêrnei yn ’e buert plante.)
  • NatuerMerke fan de Leijen (de beam waard mei in skûtsje ophelle en plante by De Leijen).
  • Op ferskate plakken troch de hiele gemeente dêr’t beammen dea gien binne troch esketakstjerte (bygelyks Jellum, Miedum, Goutum, Ljouwert, Jirnsum, Wergea, Jorwert, Swichum, Friens).
  • Troch Arcadia binne der noch 100 beammen op ferskillende plakken plante.

Gean nei de webside groenleeftinleeuwarden as jo mear witte wolle oer de beammen fan Bosk.