Fluch oan:

Mearopbringst OZB 2025 foar net-wenningen

De gemeente hat yn 2025 te folle OZB ûntfongen foar net-wenningen. De mearopbringst is feroarsake troch in flater yn de taryfberekkening. Der is rekkene mei tefolle leechstân. Hjirtroch betellen eigeners en brûkers 3.13% mear as nedich wie. Yn totaal giet it om € 734.000,- ferdield oer sawat 8.000 oanslaggen.

Ynvestearrings

It spyt ús dat dizze flater makke is. Weromstoarte is spitigernôch ûnútfierber. Dat kostet in soad jild, is flatergefoelich en leveret risiko’s op foar it belestingproses 2026. De gemeenteried wol dat risiko net nimme. Dêrom is besletten it jild te brûken foar ynvestearrings dy’t (yn)direkt ta goede komme oan dejinge dy’t de mearopbringst betelle hawwe. It bedrach wurdt ynset foar ûndernimmers en ynvestearre yn ekonomy, leefberens, kultuer, toerisme en talintûntwikkeling.

Eigeners en brûkers fan net-wenningen hawwe in brief krigen mei útlis en taljochting oer de mearobpringst OZB 2025 foar net-wenningen.

Wa betellet hokker part?

De OZB bestiet út in eigenersdiel en in brûkersdiel.

  • As jo eigener en brûker binne fan in net-wenning, betelje jo beide dielen.
  • As jo allinnich de brûker of allinnich de eigener binne, betelje jo allinnich jo eigen diel.
  • Foar in wenning betellet allinnich de eigener OZB.

Wat bart der by ferkeap of ferhuzing?

By in net-wenning

Ferlitte jo as brûker de net-wenning yn de rin fan it belestingjier? Dan betelje jo dochs foar it hiele jier OZB oan de gemeente.

By in wenning

Wienen jo op 1 jannewaris eigener fan de wenning? Dan betelje jo it hiele eigenersdiel fan de OZB. De notaris ferrekkenet it part foar de perioade dat jo gjin eigener mear binne. De hichte fan it bedrach hinget ôf fan de datum fan de ferkeap.

Foar notarissen: saaklike lêsten opfreegje

Gean nei de webside ‘WOZ-waardeloket’. Jo fine hjir daliks antwurd op jo fraach. Dit giet flugger dan in oanfraach yntsjinje fia de gemeente Ljouwert.

Hoe de OZB betelje?

Jo kinne de OZB op ferskate wizen betelje:

  • Jo machtigje de gemeente mei in automatyske ynkasso.
  • Jo freegje in betellingsregeling oan.
  • Jo meitsje it bedrach fan de oanslach sels nei ús oer. Jo hawwe de folgjende gegevens nedich:
    • Rekkennûmer: NL10BNGH0285100343.
    • Op namme fan: Gemeente Ljouwert.
    • Omskriuwing: oanslachnûmer en subjektnûmer.

Betelje jo út it bûtenlân wei?

Notearje it BIC-nûmer: BNGHNL2G. Hâld der rekken mei dat it langer duorje kin foardat it bedrach by ús is.

Net iens mei de OZB

Meitsje beswier fia de Digitale Belestingbaalje.

Tsjin ’e hichte fan it taryf kinne jo gjin beswier meitsje.

Kosten

Hoefolle OZB oft jo betelje, hinget ôf fan de WOZ-wearde fan jo objekt. De OZB is nammentlik in persintaazje fan de WOZ-wearde.

Unreplikesaakbelestingen eigener

  • As % fan de WOZ-wearde wenning 0,10760%.
  • As % fan de WOZ-wearde net-wenning 0,44740%.

Unreplikesaakbelesting brûker

  • As % fan de WOZ-wearde net-wenning 0,35804%.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):

  • Wet wurdearring ûnreplike saken
  • Gemeentewet

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).

  • Feroardering Unreplikesaakbelestingen Ljouwert

Mear ynformaasje oer de Wet WOZ kinne jo fine op de webside fan de ‘Waarderingskamer’.