Fluch oan:

Wêrom dizze feroaring?

De gemeente is al jierren ferantwurdlik foar it ynsammeljen en ôffieren fan ôffalwetter. Sa soarget de gemeente der bygelyks foar dat de diken drûch bliuwe en it reinwetter ôffierd wurdt. Wetteroerlêst en ferdrûging freegje om hieltyd mear maatregels. Fan dy maatregels hat elkenien foardiel. Dêrom betelje yn 2024 alle eigeners/hierders fan gebouwen in wettersoarchtaryf. Yn de Ynfographic rioel- en wettersoarchheffing jouwe wy jo mear útlis.

Wa betellet rioel- en wettersoarchheffing?

Mear ynformaasje oer de rioelheffing fine jo op de pagina Rioelheffing.

Krije jo jierliks in oanslach foar de rioelheffing?

Dan krije jo yn 2024 in oanslach mei in rioeltaryf en in wettersoarchtaryf.

Krije jo net jierliks in oanslach foar de rioelheffing, mar binne jo eigener of hierder fan in gebou?

Dan krije jo yn 2024 in oanslach mei allinnich it wettersoarchtaryf.

Wêrom moat ik rioel- en wettersoarchheffing betelje?

Rioeltaryf

Jo betelje it rioeltaryf om’t jo in rioeloansluting hawwe. Mei de ynkomsten út it rioeltaryf betelje wy it ûnderhâld en ferfangen fan de riolearring. Sa soargje wy derfoar dat jo jo ôffalwetter altyd sûnder problemen oanbiede kinne.

Wettersoarchtaryf

Jo betelje it wettersoarchtaryf om’t elkenien foardiel hat by de maatregels dy’t de gemeente nimt om wetteroerlêst yn de iepenbiere romte tefoaren te kommen. Troch klimaatferoaring hawwe wy te krijen mei ekstremer waar. Troch swiere buien kin de berikberheid minder wurde. It kin ek soargje foar útfal fan wichtige funksjes lykas de stroomfoarsjenning. De gemeente nimt maatregels om diken berikber te hâlden en skea troch wetteroerlêst tefoaren te kommen. Tink hjirby oan it graven fan mear sleatten en fivers, it oanlizzen fan reinwetterrioelen of it meitsjen fan wetterberging ûnder de ryddyk of yn grienstroken. Sa kinne wy oerstallich wetter ôffiere en hâldt elkenien drûge fuotten.

Hoefolle moat ik betelje?

Hoefolle oft jo betelje, hat te meitsjen mei ferskillende saken. It bedrach dat jo betelje moatte, hinget der bygelyks fanôf oft jo hierder of eigener fan in gebou binne. Ek it type wenning en jo wetterferbrûk hawwe ynfloed.

Utlis wettersoarchtariven

Likegoed foar wenningen as foar net-wenningen besteane de wettersoarchtariven út in brûkersdiel en in eigenersdiel.

  • Binne jo eigener? Dan betelje jo it eigenersdiel. De hichte fan it taryf hinget ôf fan de WOZ-wearde.
  • Hiere jo in wenning? Dan betelje jo allinnich it brûkersdiel. Dat is in fêst taryf.
  • Binne jo eigener én brûker? Dan betelje jo likegoed it brûkersdiel as it eigenersdiel.

Utlis rioeltariven wenning

Foar in wenning bestiet it rioeltaryf út in brûkersdiel en in eigenersdiel.

  • Binne jo eigener? Dan betelje jo it eigenersdiel. De hichte fan it taryf hinget ôf fan de WOZ-wearde fan jo wenning.
  • Hiere jo in wenning? Dan betelje jo it brûkersdiel. De hichte fan it taryf hinget ôf fan it tal minsken dat yn jo hûs wennet.
  • Binne jo eigener én brûker? Dan betelje jo likegoed it brûkersdiel as it eigenersdiel.

Utlis rioeltariven net-wenning

Foar in net-wenning bestiet it rioeltaryf út in brûkersdiel en in eigenersdiel. Net-wenningen binne bygelyks winkels, kantoaren en fabriken.

  • BInne jo eigener fan in net-wenning? Dan betelje jo it eigenersdiel. De hichte fan dit taryf hinget ôf fan de WOZ-wearde fan jo net-wenning.
  • Binne jo hierder of gebrûker fan in net-wenning? Dan hinget it taryf ôf fan hoefolle drinkwetter oft jo ferbrûke. Wy brûke hjirfoar de drinkwettergegevens dy’t ek Vitens jo yn rekken bringt. Ek as jo gjin direkte oansluting hawwe op it rioel, betelje jo dochs in rioeltaryf. Jo betelje dan it leechste taryf.

Hoe kin ik betelje?

Jo betelje de rioel- en wettersoarchheffing fia de Oanslach gemeentlike belestingen. Jo krije dizze oanslach meastal yn jannewaris of febrewaris. Jo kinne de rioel- en wettersoarchheffing op de folgjende manieren betelje:

  • Jo machtigje de gemeente mei in automatyske ynkasso.
  • Jo freegje in betellingsregeling oan.
  • Jo meitsje it bedrach fan de oanslach sels nei ús oer. Jo hawwe de folgjende gegevens nedich:
    • Rekkennûmer: NL10BNGH0285100343, op namme fan Gemeente Ljouwert.
    • Omskriuwing: oanslachnûmer en subjektnûmer.

Betelje jo út it bûtenlân wei?

Notearje it BIC-nûmer: BNGHNL2G. Hâld der rekken mei dat it langer duorje kin foardat it bedrach by ús byskreaun is.

Wat bart der by ferkeap of ferhuzing?

It objekt krijt in oare eigener

Dit hat gjin gefolgen foar de rioel- en wettersoarchheffing fan datselde jier. De persoan dy’t op 1 jannewaris eigener is, betellet it eigenerspart foar it hiele jier. De notaris ferrekkenet it part foar de perioade dat jo gjin eigener mear binne. De hichte fan it bedrach hinget ôf fan de datum fan de ferkeap.

De brûker ferhuzet

Ferhúzje jo nei in plak bûten de gemeente Ljouwert? Dan hoege jo as brûker gjin rioel- en wettersoarchheffing mear te beteljen. Dat jildt sa gau as jo ferhúzje en foar elk objekt.

Net iens mei de oanslach rioel- en wettersoarchheffing?

Meitsje beswier fia de Digitale Belestingbaalje. Tsjin ’e hichte fan it taryf kinne jo gjin beswier meitsje.

Kosten

Rioeltaryf eigener

As % fan de WOZ-wearde 0,00905%.

Wettersoarchtaryf eigener

As % fan de WOZ-wearde 0,01320%.

Rioeltaryf brûker

  • Wenning-Ienpersoanshúshâlden: € 64,59.
  • Wenning-Mearpersoanshúshâlden: € 96,88.
  • Net-wenning oant en mei 10 m3 wetterferbrûk: € 73,09.
  • Net-wenning 11 oant en mei 250 m3: € 219,49.
  • Net-wenning: elke folgjende folle ienheid fan 250 m3 wetterferbrûk: € 219,49.
  • Rekreaasjewenning: € 48,44.

Wettersoarchtaryf gebrûker

  • Fêst taryf € 12,39.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):

  • Gemeentewet

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).

  • Feroardering Rioel- en wettersoarchheffing Ljouwert