Fluch oan:

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it formulier Fersyk om betellingsregeling(PDF, 144.48 KB) en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Hoe wurket in betellingsregeling?

  • Jo kinne op de folgjende trije manieren betelje:
    • Jo meitsje eltse moanne sels it bedrach nei ús oer.
    • Jo machtigje ús om de termynbedraggen automatysk fan jo rekken ôf te skriuwen.
    • Jo litte de bedraggen ynhâlde op jo bystânsútkearing (as jo dy krije).
  • Nei eltse termynbetelling kinne wy rinte by jo yn rekken bringe. Jo krije dan in brief fan ús. Dit neame wy in rintebeskikking. Hjiryn stiet hoefolle rinte jo betelje moatte. It rintepersintaazje is 4% fan it iepensteande bedrach. Wolle jo leaver gjin rinte betelje? Kies dan foar de automatyske ynkasso machtiging. Gean foar mear ynformaasje nei de side automatyske ynkasso gemeentlike belestingen.
  • Hawwe jo meardere belestingoanslaggen dy’t jo net betelle hawwe?
    • Dan hoege jo meastal mar ien betellingsregeling oan te freegjen. As it nedich is, nimme wy nei jo oanfraach kontakt mei jo op.
    • As jo in leanfoardering krigen hawwe, of as der beslach lein is op jo bankrekken, kinne jo gjin betellingsregeling mear ôfprate.
  • As jo de termynbedraggen sels oermeitsje en jo betelje ien termynbedrach net, dan krije jo fan ús in efterstânsbrief. Jo moatte it bedrach lykwols noch betelje. Ek de oare ôfprate termynbedraggen betelje jo.
    As jo in twadde kear net op ’e tiid betelje, stopje wy de ôfprate betellingsregeling. Jo meitsje it hiele bedrach (dat jo dat jier noch betelje moatte) yn ien kear binnen 10 dagen nei ús oer.
  • Jo kinne maksimaal twa kear in betellingsregeling foar deselde oanslach oanfreegje. As wy de betellingsregeling foar de twadde kear stopje, moatte jo de rest fan it folsleine bedrach fan dy oanslach yn ien kear betelje.