Fluch oan:

Hoe wurket de ôffalstoffeheffing?

Jo krije fan ús in oanslach foar gemeentlike heffingen as jo in ‘objekt’ brûke. In objekt is in ‘wenning’ of in ‘net-wenning’ (bygelyks in bedriuw, winkel, kantoar, garaazjeboks of stik grûn). Op de oanslach stiet oft jo betelje moatte foar in ‘wenning’ en/of foar in ‘net-wenning’.

Wenning

Jo betelje ôffalstoffeheffing as jo in wenning brûke. It makket dêrby net út oft jo eigener binne of hierder. Foar in wenning betelje jo elk jier in fêst bedacht foar it opheljen en ferwurkjen fan smoargens. Jo betelje ek as jo gjin ôffal oanbiede of ophelje litte.

Net-wenning

Foar in net-wenning betelje jo as gebrûker gjin ôffalstoffeheffing. Jo moatte der wol sels foar soargje dat it bedriuwsôffal ophelle wurdt.

Taryf foar 1 persoan of meardere persoanen

De hichte fan de ôffalstoffeheffing hinget ôf fan it oantal persoanen dat yn jo wenning wennet. As jo allinnich wenje, betelje jo it ienpersoanstaryf. As jo mei meardere persoanen wenje, betelje jo it mearpersoanstaryf.

Hoefolle restôffal leverje jo yn?

Download de Omrin Offalapp of gean nei De Digitale Belestingbaalje. Hjir sjogge jo hoe faak en hoefolle restôffal jo ynlevere hawwe.

Kloppet it gewicht yn ’e ôffalapp net?

Nim kontakt op mei Omrin.

Kosten

Sels útrekkenje wat jo betelje moatte

Mei de rekkenhelp kinne jo sels fluch en ienfâldich útrekkenje wat jo oan ôffalstoffeheffing kwyt binne.

Fêst diel Offalstoffeheffing (taryf op restôffal)  

  • Ienpersoanshúshâlden: € 191,22.
  • Mearpersoanshúshâlden: € 286,83.
  • Rekreaasjewenning: € 143,41.
  • Ekstra bio-bak (griene of GFT-kontener) is fergees.

Fariabel diel Offalstoffeheffing (taryf op restôffal)

  • Bedrach per kilogram yn de sortybak (grize kontener): € 0,09 per kilo.
  • Eigen sortybak (grize kontener) by hûs leegje litte: € 1,00 per kear.
  • Pûde yn ûndergrûnske restôffalkontener: € 0,73 per kear.

Grut ôffal fuortbringe

Jo kinne grut ôffal, bou-ôffal of sloopôffal nei de Miljeustrjitte bringe. Dat is altyd fergees as jo it skieden, per soarte materiaal, oanleverje.

Slagget it net om it ôffal te skieden? Dan kinne jo it 2 kear fergees fuortbringe. Nei de 2e kear jilde de folgjende tariven (dizze kosten betelje jo by de Miljeustrjitte):

  • Foar it ynleverjen fan net-skieden grut ôffal, net-skieden bou-ôffal en sloopôffal, daklear, gipsplaten en gipsblokken, hout en pún betelje jo:
    • Kofferbak persoane-auto € 6,00.
    • Oanhinger lyts € 15,00.
    • Oanhinger middelmaat € 25,00.
    • Oanhinger grut € 40,00.
  • De kosten foar de oare ôffalstreamen binne:
    • Autobân fan persoane-auto mei felling € 5,00.
    • Autobân sûnder felling fergees.
    • Motorbân mei of sûnder felling € 5,00.
    • Akku grut € 5,00.
    • Alle ôffal yn in pûde is € 2,00 per pûde.

In bakfyts of oanhinger liene?

Maklik jo ôffal nei de Miljeustrjitte bringe? Reservearje dan in bakfyts of oanhinger by Omrin, fia 0900-21 00 215.

Grut ôffal ophelje litte

Omrin hellet it grut ôffal by jo op. Dat is 2 kear yn it jier fergees (maksimaal 1 kúb). Dêrnei kostet it € 62,00 foar 1 kubike meter.

Hoe betelje?

Betelje kin op de folgjende trije manieren:

  • Jo machtigje de gemeente mei in automatyske ynkasso.
  • Jo freegje in betellingsregeling oan.
  • Jo meitsje sels it bedrach fan de oanslach nei ús oer:
    • Rekkennûmer: NL10BNGH0285100343
    • Op namme fan: Gemeente Ljouwert
    • Omskriuwing: oanslachnûmer en subjektnûmer.

Betelje út it bûtenlân wei

Brûk dan by de oerboeking ús BIC: BNGHNL2G. Set it oanslachnûmer en subjektnûmer yn de omskriuwing. Hâldt der rekken mei dat in betelling út it bûtenlân langer duorje kin.

Net iens mei de oanslach ôffalstoffeheffing?

Meitsje beswier fia de Digitale Belestingbaalje. Tsjin ’e hichte fan it taryf kinne jo gjin beswier meitsje.

Help by ekstra ôffal

Mear ynformaasje oer hokker regelingen en help der binne, fine jo op de pagina Offal en Recycling.

Wet- en regeljouwing

  • Wet miljeubehear
  • Feroardering Offalstoffeheffing Ljouwert

De wet- en regeljouwing fan de gemeente Ljouwert kinne jo ynsjen fia de lanlike foarsjenning Overheid.nl.