Fluch oan:

Frijskatting oanfreegje sûnder earst de check te dwaan?

Dit kin fia de Digitale Belestingbaalje. Jo krije fuortdaliks in melding dat jo frijskatting oanfrege hawwe. Jo hoege sels earst gjin gegevens op te stjoeren. Wy checke jo gegevens by ferskillende ynstânsjes. Binnen 6 moanne ûntfange jo ús beslissing.

Fragen of help nedich?

Gean lâns by de buert- of doarpskeamer by jo yn ’e buert. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Betingsten

  • Ynkommen op of ûnder bystânsnivo. Dit jildt ek foar zzp’ers.
  • Net folle sparjild.
    • In allinnichsteande hat sparjild as der mear as € 3.462,- op alle rekkeningen byinoar stiet.
    • Foar in allinnichsteande âlder is dat € 4.220,-.
    • Foar trouden/tegearre wenjenden is dat € 4.602,-.
    • Hawwe jo wat mear sparjild? Freegje dan dochs frijskatting oan. Der binne nammentlik in pear útsûnderingen.
  • De wearde fan jo auto/motor is minder as € 3.350,-.
  • Gjin keapwenning mei oerwearde. De WOZ-wearde fan de wenning mei net heger wêze as de iepensteande hypoteekskuld.
  • Jo ha de oanslach net langer as 3 moanne lyn betelle.

Wêr kinne jo wol of gjin frijskatting foar oanfreegje?

Jo kinne frijskatting oanfreegje foar:

  • Unreplikesaakbelesting (OZB).
  • Rioelheffing- en wettersoarch.
  • Offalstoffeheffing (foar it fêste en fariabele diel). De frijskatting jildt foar it fêste taryf en jo krije maksimaal € 59,12 frijskatting op it fariabele taryf. Gean foar mear ynformaasje nei de side Offalstoffeheffing.
  • Prekariobelesting wenskippen en wenweinen.

Jo kinne gjin frijskatting oanfreegje foar:

  • Hûnebelesting.
  • Offalstoffeheffing foar in rekreaasjewenning.
  • Neiheffing parkearbelesting.
  • Toeristebelesting.
  • Wettertoeristebelesting.
  • Belestingen foar bedriuwsgebouwen.

Freegje frijskatting op ’e tiid oan

Hawwe jo de oanslach al betelle?

Freegje frijskatting oan binnen trije moannen neidat jo betelle hawwe. Is de oanslach langer as trije moannen lyn betelle? Dan hawwe jo gjin rjocht mear op frijskatting.

Hawwe jo de oanslach noch net betelle?

Dan kinne jo op elts momint frijskatting oanfreegje. Ek oer in oanslach fan eardere jierren, as jo dy noch net betelle hawwe. Dat is allinnich mooglik as jo net earder frijskatting foar dyselde oanslach oanfrege hawwe en dêr fan ús in beslissing oer krigen hawwe.

Faak stelde fragen

Jildt de enerzjytaslach as fermogen?

Nee, de enerzjytaslach is gjin fermogen.

Binne der oare regelingen foar minsken mei net folle ynkommen?

Kontrolearje sels wêr’t jo rjocht op hawwe fia webside Dat geldt voor mij.