Fluch oan:

Hoe meitsje jo beswier?

WOZ-wearde

  • Freegje earst it taksaasjeferslach WOZ op.
  • Binne jo it nei it lêzen fan dat taksaasjeferslach net iens mei de WOZ-wearde? Meitsje in belôfspraak mei de taksateur. Of meitsje in ôfspraak foar it sprekoere.
  • Blykt dat jo WOZ-wearde oanpast wurde moat? Dan passe wy dat fuortdaliks oan.
  • Hawwe jo al in beswier yntsjinne? Dan kinne jo gjin belôfspraak mei de taksateur.

Lânskomme op ôfspraak

  • Ljouwert, Gemeentehûs, Aldehoustertsjerkhôf 2.
    Tiisdei 3 maart fan 09:00 oere oant 17:00 oere.
    Tongersdei 5 maart fan 09:00 oere oant 17:00 oere en fan 18:00 oere oant 19:30 oere.
    Tiisdei 10 maart fan 09:00 oere oant 17:00 oere.
    Woansdei 11 maart fan 09:00 oere oant 17:00 oere.
  • Stiens, Nije Skalm, Ljipstrjitte 1.
    Woansdei 4 maart fan 09:00 oere oant 15:00 oere.
  • Grou, Sportkafee De Twine, Tjallinga 2.
    Freed 6 maart fan 09:00 oere oant 17:00 oere.

Nei de ôfspraak noch net iens mei de WOZ-wearde?

OZB, Rioel- en wettersoarchheffing, Offalstoffeheffing, Hûnebelesting, Prekario (fartugen en terras)

Neiheffingsoanslach, Parkearbelesting, Prekariobelesting, Begraafrjochten, Toeristebelesting, Wettertoeristebelesting, Leezjes, Havenjilden, Fearjilden

Meitsje beswier fia formulier Beswier gemeentlike belestingen. Tsjin ’e hichte fan it taryf kinne jo gjin beswier meitsje.

Kinne of wolle jo net digitaal beswier yntsjinje?

Jo kinne skriftlik beswier yntsjinje. Stjoer it beswierskrift op nei:
Gemeente Ljouwert

Postbus 21000

8900 JA Ljouwert

Wat skriuwe jo yn it beswierskrift?

  • Jo namme, adres, telefoannûmer en e-mailadres;
  • de datum dat jo de brief skriuwe;
  • it oanslachnûmer dêr’t jo it net mei iens binne;
  • de reden fan jo beswier;
  • jo hantekening;
  • as immen oars in beswierskrift foar jo yntsjinnet, stjoer dan in troch jo ûndertekene skriftlike machtiging mei;
  • eventuele bewiisstikken lykas in kopy fan de hieroerienkomst.

Beswier meitsje fia no-cure no-pay bedriuwen is net fergees.

In soad bedriuwen biede oan ‘fergees’ beswier te meitsjen tsjin de WOZ-wearde. Dat wurdt ‘no-cure no-pay’ neamd.

In beswier yntsjinje fia in no-cure no-pay bedriuw is net écht fergees.

As in beswierskirft kloppet en in bedriuw hat foar jo beswier makke, dan moat de gemeente in kostefergoeding betelje oan dat bediuw. Op dy manier fertsjinnet it no-cure no-pay bedriuw in soad jild oan de gemeente.

Uteinlik betelje jo dêr ek oan mei.

De gemeente moat dy kostefergoeding foar de no-cure no-pay bedriuwen ergens fan betelje. Wy moatte dan de belestingtariven ferheegje.

Moatte jo de oanslach wol of net earst betelje?

Meitsje jo beswier tsjin de WOZ-wearde?

Dan moatte jo de belestingoanslach wol earst betelje. Soms hoege jo in part noch net te beteljen. Dat hjit útstel fan betelling. Jo krije dit útstel allinnich foar it diel dêr’t jo beswier tsjin meitsje. Dit jildt as jo beswier meitsje tsjin:

  • Gemeentlike heffingen (OZB, rioel- en wettersoarchheffing, ôffalstoffeheffing, hûnebelesting, prekario (fartugen en terrassen)
  • Leezjes en prekariobelesting
  • (wetter)toeristebelesting
  • Neiheffingsoanslach parkearbelesting

Wurdt jo beswier ôfwiisd?

Dan moatte jo dat diel fan de oanslach lykwols noch betelje. It kin wêze dat jo ek ynfoarderingsrinte betelje moatte. Wolle jo dochs alfêst betelje? Gean nei de juste pagina ûnder de kategory Belestingen. Jo kinne betelje mei iDEAL | Wero.

Wurdt jo beswier takend?

Dan betelje jo gjin ynfoarderingsrinte.

Wannear krije jo antwurd op jo beswier?

Op syn lêst 31 desimber fan it jier dat jo beswier makke hawwe. Meitsje jo nei 19 novimber beswier? Dan krije jo binnen seis wike antwurd.