Fluch oan:

Hoe freegje jo in taksaasjeferslach op?

Jo kinne op ferskillende manieren in taksaasjeferslach opfreegje.

Taksaasjeferslaggen foar wenningen

Freegje it taksaasjeferslach op fia de Digitale Belastingbalie (mei help fan DigiD). Dat is allinnich mooglik as de oanslach op jo namme stiet.

Taksaasjeferslach foar wenningen en net-wenningen

  • Stjoer in e-mail nei woz@leeuwarden.nl. Jou dúdlik oan:
    • it objekt dêr’t jo in taksaasjeferslach foar krije wolle;
    • jo namme, adres en telefoannûmer.
  • Stjoer in brief nei:
    • Gemeente Ljouwert
      Team Belestingen
      Postbus 21000
      8900 JA Ljouwert
  • Belje 14 058.
  • Of kom persoanlik lâns op it gemeentehûs. Nim in jildich legitimaasjebewiis mei. Jo krije it taksaasjeferslach net fuort mei. Wy stjoere it binnen in wike nei jo húsadres.

Hoe wurdt de WOZ-wearde bepaald?

Mear ynformaasje oer de WOZ-wearde fine jo op pagina WOZ-wearde.