Fluch oan:

Wat kinne jo sels dwaan

Gean nei de webside fan Fryslân Veilig (iepenet yn in nij ljepblêd) of de webside fan it RIVM (iepenet yn in nij ljepblêd) foar tips om sûn en koel te bliuwen by waarm waar.

Wat dogge wy

  • Wy hâlde de situaasje yn de gaten en folgje de advizen op fan it RIVM en de Veiligheidsregio Fryslân.
  • Wy besteegje ekstra oandacht oan kwetsbere groepen. Bygelyks âlderen en minsken mei in kwetsbere sûnens.
  • Wy wurkje gear mei ferskillende organisaasjes. Bygelyks mei de GGD Fryslân, Brânwacht Fryslân, Rykswettersteat, Wetterskip Fryslân en de Veiligheidsregio Fryslân.
  • Wy hâlde brêgen yn de gaten.
  • Wy struie sâlt op diken dêr’t it asfalt begjint te plakken. Dat soarget derfoar dat it asfalt ôfkuollet.
  • By offisjele swimwetters brûke wy meldingen fan it wetterskip oer blau-alch.
  • As der in soad fisken deagean, komme wy yn aksje en pleatse wy soerstofpompen.

Botulisme melde

Fine jo op 1 plak in soad deade fisken, fûgels, of einen? Nim dan kontakt mei ús op.

Oanpaste tsjinstferliening

Troch in hjitteweach kinne wy ús tsjinstferliening oanpasse. Aktuele iepeningstiden fine jo op de Kontaktpagina.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.