Nije heechspanningsferbining Vierverlaten-Ens
It Ryk lit troch TenneT in nije heechspanningsferbining (380KV) oanlizze tusken Vierverlaten (Grinslân) en Ens (Noadeastpolder). Dizze nije (foarkars)rûte is ek troch ús gemeente pland.
Wêrom nedich
In nije heechspanningsferbining is nedich omt der hieltyd mear (duorsume) elektrisiteit Nederlân ynkomt. Bygelyks fan wynparken op see. Dêrneist nimt it ferbrûk fan elektrisiteit troch húshâldens, yndustry en auto’s ta. Dat freget hieltyd mear fan ús lanlike elektrisiteitsnetten.
Wa is ferantwurdlik
It ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat is opdrachtjouwer. TenneT is de útfierende party en dêrmei ek ferantwurdlik foar de omjouwingskommunikaasje.
De gemeente hat gjin offisjele rol yn dit projekt. Wol jouwe wy ús miening en lette wy op in goed plak yn de omjouwing. Ek komme wy op foar it wolwêzen fan de bewenners.
Wat merk ik en wat kin ik dwaan
TenneT ynformearret de omwenners fan it foarkarsplak fan de nije heechspanningsferbining en soarget derfoar dat omwenners op ’e hichte bliuwe fan de ûntwikkelingen.
Ynrinbyienkomst
Jo binne fan herten wolkom op in ynringearkomste dy’t organisearre wurdt troch TenneT.
- Wannear: woansdei 10 juny 2026
- Hoe let: 18:30 – 21:00 oere
- Wêr: Hotel van der Valk, Lynbaan 35, Ljouwert
Sjenswize
It plan leit op besjen fan 22 maaie oant en mei 2 july 2026. Jo kinne digitaal in sjenswize yntsjinje fia de webside fan de Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân (RVO) (iepenet yn in nij ljepblêd).
Skriftlik yntsjinje?
As jo de sjenswize skriftlik yntsjinje by de Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân (RVO), skriuw dan yn jo brief:
- koart wa’t jo binne of wat jo organisaasje docht en wêrom’t it beslút ynfloed hat op jo;
- dúdlik wat jo miening is. Bygelyks: “Ik bin yn ’e basis posityf oer it plan, mar meitsje my grutte soargen oer de útfiering” of “Ik bin om de folgjende redenen tsjin it beslút”;
- arguminten en ûnderbouwing:
- Bygelyks: Yn it plan wurdt net genôch rekken hâlde mei… Underbou dit mei feiten, gegevens of spesifike situaasjes;
- Bygelyks: “De foarstelde maatregel yn it beslút liedt ta ûnevenredige skea foar…”;
- jou oan wat jo graach feroare hawwe wolle yn it definitive beslút. Bygelyks: “Ik freegje jo om artikel X oan te passen…” of “Ik pleitsje foar oanfoljend ûndersyk nei…”;
- de datum;
- jo hantekening;
- jo namme en adres;
- jo telefoannûmer;
- jo e-mailadres (as dit fan tapassing is).
Postadres:
Bureau Energieprojecten
Inspraakpunt HSV 380 kV Vierverlaten-Ens
Postbus 111
9200 AC Drachten
Fragen
It Ryk
It Ryk nimt beslissingen en giet oer it proses. Mear ynformaasje fine jo op de website fan it RVO (iepenet yn in nij ljepblêd).
TenneT
TenneT is ferantwurdlik foar de ynformaasje en kommunikaasje nei en mei omwenners/de omjouwing. Alle ynformaasje oer dit projekt is te finen op de projektwebside fan TenneT (iepenet yn in nij ljepblêd). Jo kinne jo dêr oanmelde foar de nijsbrief oer Vierverlaten-Ens en kontakt opnimme as jo fragen hawwe.
Fluch oan: