Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje

Download it Skea oanjefteformulier frijwilliger (iepenet yn in nij ljepblêd) en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wa is der fersekere

De fersekering is foar frijwilligers, mantelsoargers en maatskiplike stazjêrs. Ek jongeren dy’t as frijwilliger meidogge oan in programma foar de mienskip binne fersekere.

Wannear bist frijwilliger

Bist frijwilliger ast oan de folgjende betingsten foldochst:

  • Helpst oare minsken of de mienskip by:
    • in organisaasje mei in sosjaal doel;
    • in feriening of stifting;
    • in ANBI (algemien nut beëagjende ynstelling).

De organisaasje moat belangryk wêze foar de mienskip.

  • hast gjin persoanlik, finansjeel of kommersjeel belang by de wurksumheden;
  • dochst it wurk net as berop;
  • bist net yn leantsjinst by de organisaasje;
  • de fergoeding dy’tst krijst, falt binnen de frijwilligersregeling fan de Belestingtsjinst.

De Frijwilligersfersekering jildt net foar frijwilligers by de brânwacht of plysje.

Faak stelde fragen

Mear fragen en antwurden oer bygelyks de fersekeren, skea en dekking, frijwilligerswurk bûten de gemeente en besteande fersekeringen fine jo yn it dokumint Faakstelde fragen oer de frijwilligersfersekering.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.