Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje

Download it oanfraachformulier Subsydzje Sportakkoart (iepenet yn in nij ljepblêd) en folje it yn. Stjoer it formulier mei bylagen op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Tema’s Sportakkoart

In subsydzjeoanfraach moat passe binnen 1 fan de tema[s fan it Sportakkoart. Dy tema’s binne belangryk en stean ek yn it Beliedskader Sport en Bewegen (iepenet yn in nij ljepblêd) en it Nationaal Sportakkoord. De tema’s binne:

  • Ynklúzje en ferskaat: soargje dat elkenien meidwaan kin en dat sport en bewegen foar elkenien tagonklik is.
  • Sosjaal feilige sport: wurkje oan in positive en feilige sportomjouwing. Dit betsjut:
    • in VOG foar frijwilligers;
    • in gedrachskoade foar de hiele feriening;
    • in fertrouwenspersoan;
    • goed oplate trainers en coaches.
  • Fitale sportoanbieders: helpen fan ferieningen en oare oanbieders by goed bestjoer, organisaasje en frijwilligersbelied.
  • Feardich yn bewegen: stimulearjen dat bern en jongeren har goed en alsidich bewege.
  • Romte foar sport en bewegen: ferbetterjen fan in beweechfreonlike omjouwing en iepen sportparken.

Gearwurkje

In belangryke betingst om yn oanmerking te kommen foar subsydzje is dat jo gearwurkje mei oare partijen. Der moatte dus meardere organisaasjes meidwaan. Dat kin in gearwurking wêze tusken ferieningen, mar ek tusken in feriening en in wykferiening of in oare maatskiplike organisaasje. Mei-inoar berikke wy mear ynwenners en kinne wy goede ideeën better diele.

Eigen bydrage stifting of feriening

Om yn oanmerking te kommen foar subsydzje is it wichtich dat de stifting of feriening in eigen bydrage leveret. Dat kin yn jild of yn tiid. Bygelyks oeren dy’t frijwilligers ynsette.

Bv SPORT tinkt graach mei jo mei

De buertsportcoaches fan bv SPORT tinke graach mei jo mei oer in inisjatyf. Sy helpe by it útwurkjen fan plannen en lizze ferbining mei oare ferieningen, organisaasjes of inisjativen. Sa wurdt in idee sterker en krijt in oanfraach in bettere basis.

Wolle jo witte oft jo inisjatyf past binnen de tema’s fan it Sportakkoart, oan de betingsten foldocht of yn oanmerking komt foar subsydzje? Nim kontakt op mei de buertsportcoaches fan bv SPORT fia sportontwikkeling@bvsport.nl. Mear ynformaasje oer bv SPORT fine jo op de website bv SPORT (iepenet yn in nij ljepblêd).

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e website Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn in nij ljepblêd):

  • Subsydzjeregeling Sportakkoart II gemeente Ljouwert

Fragen

Nim kontakt op mei bv SPORT troch in e-mail te stjoeren nei sportontwikkeling@bvsport.nl.

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.