Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje

Download it Oanfraachformulier subsydzje Sporteveneminten (PDF, 660.89 KB) (iepenet yn in nij ljepblêd) en ful yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wat binne de betingsten

  • Der moat sprake wêze fan spulregels en/of in wedstriid.
  • Lichaamlike fitheid en bewegen stean sintraal.
  • It sportevenemint kin besocht wurde troch elk dy’t ynteressearre is.
  • Oan it sportevenemint dogge minstens 15 dielnimmers mei.

Hokker bylagen taheakje by jo oanfraach

  • In aktiviteiteplan. Beskriuw de oanlieding, doelstelling en motivearring fan it evenemint.
  • De begrutting.

Wannear moat jo oanfraach by ús binnen wêze

De oanfraach ynklusyf bylagen moat op syn lêst 8 wiken foar it begjin fan it evenemint troch ús ûntfongen wêze.

Subsydzjebedrach

Jo kinne per sportevenemint maksimaal € 2.000 subsydzje oanfreegje.

Status subsydzjeoanfraach

Wolle jo jo yntsjinne subsydzjeoanfraach ynsjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal (iepenet yn in nij ljepblêd).

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing fine jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn in nij ljepblêd):

  • Regeling subsydzje Sporteveneminten 2026.
  • Algemiene Subsydzjeferoardering gemeente Ljouwert 2025.

Subsydzje foar sport- en beweechinisjatyf

Neist subsydzje foar sporteveneminten hawwe wy ek subsydzje foar sport- of beweechinisjativen. Hawwe jo ideeën of in inisjatyf om minsken mear yn beweging te bringen? Dan kinne jo út namme fan in feriening, stifting of maatskiplike organisaasje subsydzje oanfreegje. Gean foar mear ynformaasje nei de pagina Subsidzje foar sport- of beweechinisjatyf.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.