Fluch oan:

It projekt

C3 helpt Ljouwert by grutte sirkulêre projekten, lykas Spoardok, troch advys te jaan oer de kosten. Sirkulêr betsjut dat wy materialen, wetter en enerzjy safolle mooglik opnij brûke en ferspilling ferminderje.

Mear ynformaasje oer Spoardok fine jo op de side Grinsferlizzend Spoardok.

Advys

De gemeente krijt advys fan eksperts fan de Europeeske Ynvestearringsbank. Sy helpe by de finansjele plannen foar it Spoardok. Sa soargje wy dat de plannen helber binne en dat der genôch jild beskikber is.

Projektperioade

It projekt rint yn 2026.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.