Fluch oan:

Algemiene feroardering gegevensbeskerming (AVG-fersyk).

De AVG jildt foar alle organisaasjes dy’t persoansgegevens ferwurkje.

Tsjinje digitaal in AVG-fersyk yn as jo:

  • witte wolle hokker persoansgegevens wy fan jo sammelje en hoe’t wy dy brûke;
  • persoansgegevens oanpasse of oanfolje wolle om’t se net doge of net kompleet binne;
  • persoansgegevens ferwiderje litte wolle;
  • it gebrûk fan persoansgegevens beheine litte wolle (tydlik stopje);
  • persoansgegevens oan in oare organisaasje jaan wolle;
  • beswier meitsje wolle tsjin it gebrûk fan bepaalde persoansgegevens.

Kontaktpunt RIEC Noard-Nederlân

Fragen oer jo persoansgegevens by de Regionale Ynformaasje- en Ekspertizesintra (RIEC)? Gean nei de side Kontaktpunt RIEC Noard-Nederlân.

Wet plysjegegevens (Wpg-fersyk)

De Wpg jildt foar de ferwurking fan persoansgegevens troch bûtengewoan opspoaringsamtners (boa’s) fan de gemeente.

Tsjinje digitaal in Wpg-fersyk yn as jo:

  • witte wolle hokker persoansgegevens wy fan jo sammelje en hoe’t wy dy brûke;
  • persoansgegevens oanpasse of oanfolje wolle om’t se net doge of net kompleet binne;
  • persoansgegevens ferwiderje litte wolle;

Oare fersiken

Wolle jo gjin AVG-fersyk of Wpg-fersyk yntsjinje, mar giet jo fraach wol oer persoansgegevens of wolle jo in kopy fan jo dossier opfreegje? Hjirûnder lizze wy út hokker fersiken jo yntsjinje kinne.

Jo eigen dossier opfreeg

Tsjinje digitaal in fersyk yn om in kopy op te freegjen. Persoansgegevens fan oaren helje wy fuort. Sy hawwe, krekt as jo, rjocht op privacy.

Jo eigen gegevens ynsjen of oanpasse litte

Fia de websideMijnOverheid kinne jo jo eigen gegevens besjen. Bygelyks oer jo:

  • Identiteit: jo gegevens, famylje en identiteitsbewiis.
  • Finânsjes: jo ynkommen, taslaggen, bydragen en belestingen.
  • Wurk: jo pensjoen, wurkgegevens en útkearingen.
  • Sûnens: donorregister en Persoansbûn budzjet.
  • Wenjen: jo enerzjylabel, kadastrale- en WOZ-gegevens.
  • Ferfier: jo foertugen.
  • Underwiis: jo dimplomas en stúdzjefinansiering / stúdzjeskuld.
  • Organisaasjes: mei wa en wêrfoar wurde jo persoansgegevens dield.

Jo sjogge ek mei hokker organisaasjes jo persoansgegevens dield wurde en wêrfoar.

Fragen oer it gebrûk fan jo persoansgegevens

Nim kontakt op mei de organisaasje dy’t jo gegevens krijt. MijnOverheid kin hjir gjin fragen oer beantwurdzje. Op de webside fan de organisaasje fine jo de kontaktgegevens.

Persoansgegevens oanpasse litte

Bygelyks gegevens oer berte, ferhuzing, houlik of fertrek nei it bûtenlân. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Persoansgegevens BRP ynsjen of feroarje.

Help by it oanpassen fan in flater yn jo gegevens

Komme jo der net út mei de organisaasje? Nim kontakt op mei It Meldpunt Fouten in Overheidsregistraties (MFO). Sy binne ûnderdiel fan de Rykstsjint foar Identiteitsgegevens (RvIG). It MFO helpt jo by it oanpassen fan in flater yn in oerheidsregistraasje.

In bewiis fan dat jo yn de gemeente Ljouwert wenje

Freegje in úttreksel Basisregistraasje Persoanen (BRP) oan. Mear ynformaasje fine jo op de side Uttreksel Basisregistraasje Persoanen (BRP).

In bewiis fan berte, houlik, echtskieding, registrearre partnerskip of ferstjerren.

Freegje in ôfskrift boargerlike stân oan. Mear ynformaasje fine jo op de side Ofskrift boargerlike stân.

Dokuminten opfreegje dy’t noch net iepenbier binne

Dan kinne jo gebrûk meitsje fan de Wet iepen oerheid (Woo). Mear ynformaasje fine jo op de side Woo-fersyk yntsjinje of ynsjen.

In fergunning of boudossier fan immen oars ynsjen

Boudossiers en fergunningen kinne jo ynsjen op it gemeentehûs of by it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL). Wêr’t jo dit dogge, hinget ôf fan it jiertal fan de dossiers. Mear ynformaasje fine jo op pagina Fergunning of boudossier ynsjen.

Kinne of wolle jo net digitaal in AVG of Wpg-fersyk yntsjinje

Meitsje in ôfspraak mei in Privacy Officer fan de gemeente Ljouwert. Nim in jildich identifkaasjebewiis mei. In kopy mei net.
Skriuwe jo in brief? Heakje in offisjeel legalisearre kopy fan jo identifikaasjebewiis ta, of in waarmerke ferklearring fan jo rydbewiis. Dizze freegje jo oan by de gemeente dêr’t jo ynskreaun stean. In kopy mei net.

Immen machtigje om jo AVG of Wpg-fersyk yn te tsjinjen

Soargje foar in skriftlike machtiging en in kopy fan in jildich identifikaasjebewiis fan jo en de machtige. In kopy fan de machtiging allinnich is net genôch.

It folgjende moat yn de machtiging stean:

  • jo namme en folsleine adres;
  • it doel fan de machtiging, rjochte oan gemeente Ljouwert;
  • gegevens fan de machtige (lykas namme, adres, organisaasje);
  • hantekeningen en de datum fan ûndertekening fan jo en de machtige.

In fersyk yntsjinje foar immen oars

As jo in fersyk dogge foar jo (pleech)bern, kin dat allinnich as it bern jonger is as 16 jier en jo it âlderlik foech hawwe.

As jo ûnder kuratele stean, kin allinnich jo wetlik fertsjintwurdiger jo privacyrjochten brûke.

Foar bewâld of mentorskip hinget it fan jo situaasje ôf wat jo rjochten binne.

Behanneling fan in AVG of Wpg-fersyk

Wy kontrolearje earst jo identiteit en oft jo dúdlik oanjûn hawwe wat jo wolle. Bygelyks:

  • Kontrolearje hokker persoansgegevens wy brûk by it ôfhannelje fan in útkearing.
  • It ferbetterjen fan jo gegevens yn in systeem.
  • It ferwiderjen fan in bepaald dossier.

Jou ek dúdlik oan om hokker perioade it giet. Bygelyks:

  • In oanfraach dy’t jo yn jannewearis 2020 dien hawwe.
  • De gegevens yn in bepaald dossier oer maart 2022 oant en mei septimber 2024.

It rjocht om jo gegevens yn te sjen betsjut net dat jo in kopy fan dokuminten of in dossier ûntfange. Wolle jo dat wol? Tsjinje dan in Woo-fersyk of in fersyk kopy dossier yn.

Hawwe jo alle ynformaasje jûn dy’t wy nedich hawwe? En foldocht jo fersyk oan de easken? Dan hannelje wy jo fersyk ôf binnen 1 moannen (AVG), 6 wike (Wpg ynsjoch) of 4 wike (Wpg ferbetterje of ferwiderje).

It kin foarkomme dat wy langer nedich hawwe om jo fersyk ôf te hanneljen. Bygelyks by in yngewikkeld fersyk. Wy meie jo fersyk dan ferlingje mei maksimaal 2 moanne (AVG) of 4 wike (Wpg ynsjoch). Dit litte wy jo sa gau mooglik witte.

Unfoldwaande ynformaasje

Soms kinne wy in fersyk noch net yn behanneling nimme. Bygelyks as wy net genôch ynfomaasje ûntfongen hawwe. Jo krije in pear wiken de tiid om jo fersyk lykwols noch oan te foljen. Bygelyks om jo lykwols noch te identifisearjen of dúdliker oan te jaan wat de reden fan jo fersyk is.

Untfangstbefêstiging

Jo krije altyd in befêstiging fan jo AVG of Wpg-fersyk.

Hawwe jo it fersyk mei jo DigiD yntsjinne? Jou oan dat jo in ûntfangstbefêstiging fia e-mail ûntfange wolle.

Hawwe jo op in oare wize in AVG of Wpg-fersyk yntsjinne? En hawwe jo nei 1 wike noch gjin ûntfangstbefêstiging krigen? Nim kontakt mei ús op.

It beslút oer jo AVG of Wpg-fersyk

As lêste stap ûntfange jo fan ús in beslút. Yn it beslút stiet hoe’t wy jo AVG of Wpg-fersyk ôfhannele hawwe. Foldogge wy net of foar in part oan jo fersyk? Dan lizze wy de reden dêrfan út. Bygelyks:

  • It fersyk foldie net oan de easken. Wy kinne jo bygelyks net identifisearje, it fersyk is te algemien, jo freegje wat dêr’t jo gjin rjocht op hawwe of wy meie de gegevens noch net ferwiderje.
  • It fersyk is ‘bûtenspoarich’. Jo meie op syn meast 2 AVG of Wpg-fersiken per jier dwaan dy’t te krijen hawwe mei itselde ûnderwerp of deselde saak.
  • It fersyk makket misbrûk fan rjocht. Jo kinne jo persoansgegevens ynsjen om te sjen oft se goed fêstlein binne. Jo meie dat rjocht bygelyks net brûke om mear ynformaasje te krijen yn in oare (rjochtlike) proseduere.
  • It fersyk hat neidielige gefolgen foar de beskerming fan de rjochten en frijheden fan oare persoanen.
  • It fersyk hat te krijen mei in rinnende beswierproseduere of beropsproseduere.
  • It fersyk is in bedriging fan de nasjonale feiligens, de iepenbiere feiligens of foar it foarkommen, opspoaren, ûndersykjen en ferfolgjen fan strafbere feiten of oplizzen fan straffen.

Binne jo it net iens mei ús beslút? Tsjinje dan in beswierskrift yn.

Mear ynformaasje

Gean nei de pagina Privacyferklearring.