Subsydzje foar sporteveneminten
Organisearje jo yn de gemeente Ljouwert in evenemint op it mêd fan sport? Bygelyks in roei-evenemint of hurdrinwedstriid. Freegje dan de subsydzje Sporteveneminten oan.
It budzjet foar de oanfragen foar aktiviteiten dy’t holden wurde foar 1 septimber 2025 is folslein bestege. Dit betsjut dat jo gjin oanfraach mear yntsjinje kinne foar sporteveneminten dy’t foar 1 septimber 2025 holden wurde.
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it Oanfraachformulier subsydzje Sporteveneminten (PDF, 660.89 KB) en ful yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wat binne de betingsten?
- Der moat sprake wêze fan spulregels en/of in wedstriid.
- Lichaamlike fitheid en bewegen stean sintraal.
- It sportevenemint kin besocht wurde troch elk dy’t ynteressearre is.
- Oan it sportevenemint dogge minstens 15 dielnimmers mei.
Hokker bylagen moatte jo by jo oanfraach taheakje?
- In aktiviteiteplan. Beskriuw de oanlieding, doelstelling en motivearring fan it evenemint;
- de begrutting.
Wannear moat jo oanfraach by ús binnen wêze?
De oanfraach ynklusyf bylagen moatte op syn lêst 10 wiken foar it begjin fan it evenemint troch ús ûntfongen wêze.
Subsydzjebedrach
Jo kinne per sportevenemint maksimaal € 2.000 subsydzje oanfreegje.
Status subsydzjeoanfraach
Wolle jo jo yntsjinne subsydzjeoanfraach ynsjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal.
Wet- en regeljouwing en/of beliedsnota’s
De folgjende regeljouwing fine jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):
- Regeling Subsydzje Sporteveneminten 2019.
- Algemiene Subsydzjeferoardering gemeente Ljouwert 2025.