Fluch oan:

Ynwenners tinke mei

As ynwenner fan de gemeente Ljouwert hawwe jo dit jier in fragelist ynfolje kinnen oer wat jo wichtich fine op it mêd fan ferkear en ferfier. Goed 1.000 ynwenners hawwe de fragelist ynfolle. Op 27, 28 en 20 novimber 2023 wiene der mobiliteitskafee’s dêr’t ynwenners ynformaasje krigen en fragen stelle koene. Ek hawwe wy ûndersyk en analyzes útfierd. De útkomsten binne ferwurke yn 7 útgongspunten. Dêrby stiet leefkwaliteit sintraal.

De 7 útgongspunten

  1. Elk doarp wurdt ferbûn mei in trochfytsrûte, regionaal OV, en der komt in P&R oan de stedsring.
  2. 30 kilometer yn ’e oere wurdt de standert yn bewenne gebiet. Kuierders en fytsers krije foarrang.
  3. De stedsring wurdt better oerstekber. Trochgeand ferkear giet fia de Heak om Ljouwert.
  4. It sintrum fan Ljouwert krijt mear ferbliuwskwaliteit. Kuierjen stiet dêr op it earste plak. Fan de stedsring ôf giest nei de parkeargaraazjes yn it sintrum. De stedsring wurdt hjirmei in Parkearring.
  5. De binnenstêd wurdt griener: strjitteparkearen giet hieltyd mear nei parkeargaraazjes en P&R-hubs. Sa krijt it sintrum mear romte foar grien, kuierjen, moetsjen en fytsparkearen (parkearen foar ynvaliden en lade/losse bliuwt wol).
  6. De wiken en doarpen wurde griener mei minder parkearhinder mei tank oan parkearbelied en wykhubs.
  7. Romtlike ynwreiding binnen bewenne gebiet helpt duorsume mobiliteit.

By de mobiliteitskafees waard in presintaasje (PDF, 8.83 MB) holden oer de 7 útgongspunten.

Reagearje op it beliedskader

Jo kinne it beliedskader Mobiliteit besjen fan tongersdei 25 april oant en mei tongersdei 5 juny. Jo kinne de plannen ek besjen op it gemeentehûs yn Ljouwert (Aldehoustertsjerkhôf 2). Binne jo it dan mei bepaalde punten net iens? Dan kinne jo jo reaksje jaan troch in offisjele sjenswize yn te tsjinjen. Dit kin ek mei in brief, e-mail of in petear mei de gemeente. De reaksjes wurde troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders meinommen as it plan foarlein wurdt oan de gemeenteried.

Ynrinbyienkomst op 14 maaie

Wolle jo leaver noch in taljochting op it Beliedskader Mobiliteit? Dat kin. Jo binne fan herten útnûge foar in ynrinbyienkomst. Jo kinne op dizze jûn de plannen besjen en fragen stelle oan meiwurkers fan gemeente Ljouwert. Op twa mominten op dizze jûn is der in presintaasje oer it nije beliedskader en de 7 útgongspunten.

  • Datum: Tiisdei 14 maaie.
  • Hoe let: It is in frije ynrinbyienkomst fan 19:30 oant 21:30 oere.
    • Om 19:30 en 20:30 oere wurdt der in presintaasje jûn dy’t jo bywenje kinne.
  • Lokaasje: Neushoorn, Ruterskertier 41, 8911 BP Ljouwert.

Planning

  • Fan 25 april oant 6 juny leit it beliedskader op ynsjen.
  • 14 maaie ynrinbyienkomst foar ynwenners.
  • Yn july wurdt it beliedskader foarlein oan de gemeenteried. Sy stelle it kader fêst.

Nijsbrieven

Bliuw op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen en meld jo oan foar de nijsbrief.

Hawwe jo noch fragen?

Stjoer in e-mail nei mobiliteit@leeuwarden.nl of nim op in oare manier kontakt op mei de gemeente Ljouwert.