Fluch oan:

Beliedskader Mobiliteit

Wat is de rol fan de auto, it iepenbier ferfier of dielferfier yn de takomst fan de gemeente Ljouwert? Hoefolle romte krijt in fytser of fuotgonger? En wat betsjut dit foar de auto, it parkearen en it grien? Dat binne allegearre ûnderwerpen dêr’t jo deistich mei te krijen hawwe.

Dizze ûnderwerpen steane yn it Beliedskader Mobiliteit. Boargemaster en wethâlders hawwe it Beliedskader Mobiliteit fêststeld en freegje de Gemeenteried hjir in beslút oer te nimmen. Sintraal yn it beliedskader stiet dat der mear oandacht komt foar libbenskwaliteit en in sûne fysike leefomjouwing. De gemeente Ljouwert wol dêrom mear romte foar grien, kuierjen en fytsen. De Gemeenteried sil de plannen nei de simmer besprekke.

Konsept-beliedskader

It konsept-beliedskader mobiliteit lei fan 25 april oant 6 juny op besjen. Elkenien koe derop reagearje. De basis fan it beliedskader mei de 7 mobiliteitsbegjinsels (útgongspunten) bliuwt gelyk. Yn it Beliedskader Mobiliteit binne gjin projekten útwurke; it is de basis foar útfieringsprogramma’s en -projekten foar de kommende jierren.

Tegearre mei bewenners

Yn it Beliedskader Mobiliteit binne 7 útgongspunten útwurke. Nije projekten dêr’t mobiliteit in rol yn at, moatte foldwaan oan dizze mobiliteitskritearia. De 7 útgongspunten foar mobiliteit binne ta stân kommen mei ynformaasje fan ynwenners. In fragelist oer de takomst fan mobiliteit yn de gemeente is mear as 1.000 kear troch ynwenners ynfolle. Ek koenen ynwenners yn juny en novimber 2023 ferskate gearkomsten (mobiliteitskafees) bywenje om te praten oer de ûnderwerpen.

De 7 útgongspunten foar mobiliteit

  1. Bouwe binnen besteande doarpen en stêden helpt mobiliteit duorsumer te meitsjen.
  2. Elk doarp wurdt ferbûn mei in trochfytsrûte, regionaal iepenbier ferfier, en der komt in P&R oan de stedsring.
  3. 30 kilometer yn ’e oere wurdt de standert yn bewenne gebiet. Utsein in pear haadwegen. Kuierders en fytsers krije sa folle mooglik foarrang.
  4. Fuotgongers en fytsers kinne feilich en noflik de stedsring oerstekke. Automobilisten krije de mooglikheid om fia de Heak te riden, in oar ferfiersmiddel te brûken of om bûten de spits te reizigjen.
  5. It sintrum fan Ljouwert krijt mear ferbliuwskwaliteit. Kuierjen stiet dêr op it earste plak. Fan de stedsring ôf kin mei nei de parkeargaraazjes yn it sintrum ride. De stedsring wurdt hjirmei in Parkearring.
  6. De binnenstêd wurdt griener: strjitteparkearen giet hieltyd mear nei parkeargaraazjes en P&R-hubs. Sa krijt it sintrum mear romte foar grien, kuierjen, moetsjen en fytsparkearen (parkearen foar ynvaliden en lade/losse bliuwt wol).
  7. De wiken en doarpen wurde griener mei minder parkearhinder mei tank oan parkearbelied en wykhubs.

Nul-emisjesône

De gemeente Ljouwert wol duorum ferkear en ferfier foar de stêd en de doarpen. Dêrneist wolle wy in oantreklike en berikbere Ljouwerter binnenstêd, wêr’t elkenien graach tahâldt. Mei in nul-emisjesône kinne wy ús binnenstêd leefber hâlde. Bestel- en frachtweinen binne yn in nul-emisjesône allinnich noch wolkom as se ride op elektrisiteit of wetterstof, dus sûnder CO2 út te stjitten.

Oeral yn Nederlân.

Fan 2025 ôf krije in soad Nederlânske stêden in nul-emisjesône. Yn Ljouwert binne wy sa fier noch net. De gemeente hat wol de ambysje om ta te wurkjen nei in útstjitfrije binnenstêd en hat dêrom ûndersyk dien nei de mooglikheden fan de ynfiering fan in nul-emisjesône. De gemeente Ljouwert nimy wierskynlik yn it neijjier fan 2024 in beslút oer de plannen foar de ynfiering fan in nul-emisjesône yn de binnenstêd.

Undersyk in nul-emisjesône

Royal HaskoningDHV hat foar de gemeente Ljouwert in ferkennend ûndersyk útfierd nei de ynfiering fan in nul-emisjesône. It ûndersyk en de ynformearjende brief binne hjirfoar nei de Gemeenteried stjoerd.

Ynformaasjegearkomst

Op 11 july wie der in ynformaasjegearkomst foar ûndernimmers oer de plannen foar in nul-emisjesône binnen de parkearring fan de Ljouwerter binnenstêd. By dizze gearkomst jûch Royal Haskoning DHV op 2 mominten in presintaasje oer it ûndersyk dat sy foar de gemeente útfierd hawwe.

Planning nul-emisjesône

  • Yn it neijier fan 2024 nimt de gemeente in beslút oer de oankundiging fan in nul-emisjesône. De útkomsten fan de ynringearkomsten nimme wy hjiryn mei as oanfolling op it ûndersyksrapport.
  • By in posityf beslút ta oankundiging fan de nul-emisjesône folgje wer petearen mei ûndernimmers. Sa soargje wy tegearre foar in goede tarieding en de goede rânebetingsten.
  • In jier foar de eventuele echte ynfiering fan de nul-emisjesône wurdt it ferkearsbeslút nommen. Hjir kinne jo dan noch in sjenswize op yntsjinje.
  • Yn 2028: mooglike ynfiering fan de nul-emisjesône.

Nijsbrieven

Bliuw op de hichte fan de lêste ûtwikkelingen oer mobiliteit en meld jo oan foar de digitale nijsbrief.

Nijsbrief nul-emisjesône

Hawwe jo noch fragen?

Stjoer in e-mail nei mobiliteit@leeuwarden.nl of nim op in oare manier kontakt op mei de gemeente Ljouwert.