Fluch oan:

Foar hokker eveneminten jilde ekstra betingsten?

Eveneminten mei in grutte ynfloed op de natuer moatte minimaal 6 moanne yn it foar oanmeld wurde by de Provinsje Fryslân. It giet om eveneminten dy’t:

  • mear as 2000 besikers deis lûke;
  • gebrûk meitsje fan fersterke lûd en keunstljocht;
  • meardere dagen duorje;
  • trochgean yn ’e jûn (nei 18:00 oere);
  • holden wurde yn of tichtby in Natura 2000-gebiet.

Giet it om in lytser evenemint?

Falt jo evenemint net ûnder earder neamde opsomming? Miskien hawwe jo dochs in natuerfergunning nedich. Nim kontakt op mei de Provinsje Fryslân foar advys. Hâld rekken mei in oanfraachperioade fan 13 wiken.

Fergunning Gebietsbeskerming oanfreegje

Wolle jo in natuerfergunning oanfreegje of wolle jo witte oft dat nedich is? Gean dan nei de website fan de Provinsje Fryslân. Ek kinne jo tips en oare handige ynformaasje fine.

Mear ynformaasje of help nedich?

Hawwe jo fragen oer jo evenemint of de jildende natuerregels? Nim dan kontakt op mei it Team Griene Regeljouwing op de webside fan de Provinsje Fryslân. Jo kinne jo op dizze webside ek oanmelde foar it evenemintesprekoere.